Trainer Cambuur hast bekend

SC Cambuur © Omrop Fryslân
De nije trainer fan Cambuur wurdt kommende wike presinteard. Der is noch ien kandidaat oer en beide partijen binne it mei-elkoar iens. Der wurdt no noch praat oer in oantal juridyske details.
Cambuur hopet de nije trainer begjin nije wike bekend te meitsjen. Direkteur Gerald van den Belt wol net befestigje dat it om Dwight Lodeweges giet. "Wij zijn nooit op namen ingegaan en dat doe ik nu ook niet," sa sei Van den Belt. Lodeweges sels ûntkent dat er yn byld is as de opfolger fan Alfons Arts. "Daar is mij niks van bekend," sa seit er.