Douma en Kan net yn NK finale

Hurdrinner Marvin Douma út Boalsert hat him by it NK atletyk yn Apeldoorn net pleatst foar de finale op de 60 meter. Douma hie yn de earste searje in poerbêste start. Krekt foar de finish besleat de sjuery lykwols dat der in falske start west wie en doe moast der opnij start wurde.
Yn de herkânsing rûn Douma in knap pr fan 7.02, dêr't er him mei kwalifisearre foar de heale finale. Dêr foel syn eintiid ôf en wist er him net te pleatsen foar de finale.
Hinkstapsprong-springer Rienk Kan fan It Hearrenfean is by it NK heakjen bleaun yn de foarronde. Mei in ôfstân fan 13.45 meter einige Kan net by de bêste acht. Ferline jier sprong Kan in ôfstân fan 13.32 meter, wêrmei't er doe achtste waard.