Prorail betsjinnet no seinen

Masinisten op de treinen tusken Ljouwert en Harns en Ljouwert en Starum betsjinje yn de takomst net mear sels de seinen. Dat dogge se no noch wol, út har kabines wei, mar yn 'e takomst wurdt it dien troch de treintsjinstlieders fan Prorail.
Doel is dat it treinferkear op de trajekten der feiliger op wurdt. Sa kinne de tsjinstlieders bygelyks sjen oft der fierderop op it spoar problemen binne en kinne dêr dan rekken mei hâlde. Dat kinne de masjinisten no net. De reiziger sil, as it goed is, neat fernimme fan de feroarings.