A-ware sponsoret maratonploech

Jouke Hoogeveen © awfoto.nl
It nije tsiisfabryk A-ware Food Group, dat op It Hearrenfean komt, wurdt sponsor fan de maratonploech fan trainer Henk Gemser. Yn de ploech sit ûnder oare Crispijn Ariëns, dy't moandei noch de earste Grand Prix-maraton op de Weissensee wûn. Ek Jan van Loon, Jouke Hoogeveen, Niels Mesu en Ruurd Dijkstra meitsje diel út fan de ploech. It kontrakt giet takom seizoen yn. It tsiisfabryk nimt de sponsoring oer fan it bedriuw De Haan/Westerhoff yn Drachten.