ANWB út de VVV kantoaren

© Omrop Fryslân
De gearwurking tusken de ANWB en de VVV-winkels hâldt op mei yngong fan 1 jannewaris 2014. Dat hat de ANWB besletten no't der hieltyd mear fan dy winkels ferdwine. Dêrtroch rinne de kosten op.
Yn Fryslân binne der kombinaasjewinkels fan de ANWB en de VVV op It Amelân, op It Hearrenfean yn Dokkum en op De Jouwer. Mei-inoar giet it om 28 winkels yn it hiele lân. De 68 losse ANWB winkels yn Nederlân bliuwe wol bestean. Fierders sil de ANWB mear ynsette op ynternet en de sosjale media.