Man foar trije saken oppakt

De plysje hat tiisdei by in kontrôle yn de Spoorstrjitte yn Harns in 23-jierrige man út Heiloo oanhâlden. De man moast noch in finzenisstraf útsitte, ek hie er gjin rydbewiis en wie syn auto net fersekere.
Koarte tiid letter waard ek de freondinne fan de man oppakt, it giet om 31-jierrige frou út Marsum. Se wie nei de oanhâlding fan de man mei syn auto útnaaid en dêrby tsjin in ferkearsljocht botst. Omdat se dêrnei trochriden wie, waard sy ek oanhâlden.