Beswier nije wenningen

© Omrop Fryslân
In tal eigeners fan fakânsjewenningen op It Amelân makket by de Ried fan Steat beswier tsjin it bestimmingsplan Nes-Strandweg. It plan makket de bou fan fiif nije rekreaasjewenningen oan de Klonjes en Strandweg mooglik.
De eigeners fan besteande fakânsjewenningen binne benaud foar ferkears- en lûdsoerlêst. Ek soe it útsjoch fanút har wenningen bot oantaaste wurde. De tsjinstanners ferwachtsje dat de wearde fan de wenningen dêrtroch flink sakket.