Teloarstellend begjin Harkiten

Haadklasser Harkemase Boys is it nije jier út ein set mei in 3-0 ferlies tsjin Berkum. Yn de 34e minút wie it Berkum dat troch in ûngelokkich eigen doelpunt fan Jelmer Slager op foarsprong kaam. Troch flaters yn de Harkemase ferdigening koe de thúsploech fiif minuten letter de foarsprong fierder útwreidzje. Goed keeperswurk fan Jacob de Vries foarkaam krekt foar it skoft de 3-0.
Nei it skoft gongen de Boys op syk nei de oanslutingstreffer. Mei noch 12 minuten op 'e klok makke Berkum dien wurk, doe't dochs de tredde treffer foel.
Troch it ferlies stiet Harkemase Boys no op it 8e plak mei 16 punten út 13 wedstriden. Koprinner ONS Boso Snits kaam dit wykein net yn aksje tsjin WHC. It keunstfjild fan de Snitsers waard ôfkard fanwege snie op it fjild.