Heal miljoen op feiling

© Omrop Fryslân
De iepenbiere feiling fan trije perselen grûn fan de fallite stifting stoomtrein Fryslân hat 533-tûzen opbrocht. It giet om twa perselen by de treinstastjons fan Snits. It oare stik grûn leit by it stasjon fan Starum. Op ien fan de perselen yn Snits stiet ek de net ôfboude remize fan de stifting.
De nije keaper moat noch wol mei boubedriuw Friso om tafel. It bedriuw kleemt retinsjerjocht wêrtroch de keaper net beskikke kin oer de grûn. De feiling waard hâlden yn opdracht fan ien fan de skuldeaskers: Rabobank Súdwest-Fryslân.