Himpkwekerij yn Drachten

Himp © ANP
De plysje hat woansdei yn in loads oan de Bolder yn Drachten in himpkwekerij oprôle. De plysje hie in anonime tip krigen oer de kwekerij. Yn de loads fûnen se in profesjonele kwekerij mei goed 1000 planten. Der waarden gjin persoanen oantroffen yn de loads. De apparatuer en de planten binne yn beslach nommen. De plysje ûndersiket wa't de eigner fan de loads en de kwekerij is.