Alle amtners op De Jouwer

De amtners fan de gemeenten Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat moasten woansdei foar it earst nei it nije wurkplak op De Jouwer. Sy foarmje aanst mei Skarsterlân de nije gemeente De Friese Meren. Alle meiwurkers sitte no by elkoar op twa lokaasjes op De Jouwer, it gemeentehús en Woudstate.
De amtners en ek de bestjoerders hawwe gjin fêste wurkplakken mear, mar moatte elk in plakje sykje. De boargers fan de trije gemeenten fernimme net folle fan de ferhuzing, want yn Balk en op De Lemmer bliuwe servicepunten foar boargersaken.