Kuiertocht tsjin boarstkanker

Goed 2000 minsken hawwe sneontejûn meidien oan in kuiertocht oer de Alde Biltdyk. De tocht wie organisearre troch de stifting Bewegen voor Overleven, dy't mei syn aktiviteiten omtinken foar boarstkanker freget en dêrneist Fryslân promote wol.
Underweis wie der muzyk en teater, ek wiene der fakkels en wie in tal pleatsen by de tolve kilometer lange dyk lâns ferljochte. Der wie safolle belangstelling foar de tocht, dat de ynskriuwing earder al stopset wie.