Hynder op 'e rin op De Jouwer

Midstrjitte De Jouwer © Google Street View
In hynder op 'e rin soarge snein foar panyk op De Jouwer. Yn it sintrum wie der belslydjeien. Troch ûnbekende oarsaak rekke it hynder op de rin en draafde troch de Midstrjitte dêr't in soad folk wie. De menner foel fan de slide. De skootmobyl fan in frou soe rekke wêze, mar net ien rekke ferwûne. It hynder is bûten it sintrum delbêde en ôffierd. De oare sliden ha har ronde wol ôfmakke.