Omrop Fryslân

Promoasje jout Cambuur mear mooglikheden op it mêd fan datascouting: "Kunnen hele wereld filteren"

Lars Lambooij
© Dijks Media
Yn de jacht op nije spilers makket SC Cambuur noch mear as foarhinne gebrûk fan data. Troch de promoasje binne de mooglikheden op dat mêd bot tanaam. It moat liede ta ûnder oaren in nije spits.
De klaaikeamers yn it Kooi Stadion binne leech. De spilers en trainers fan SC Cambuur hawwe harren fakânsje-adres opsocht en de rêst oerhearsket op de burelen fan it fuotbalstadion.
Op de measte kantoaren dan. Lars Lambooij hat net de lúkse om no efkes efteroer te leunen. "Dit is wel een heel drukke periode", seit de technysk manager fan de Ljouwerters.
Acht spilers ferlitte de klup dizze simmer. En dêr sitte net de minsten by. Sa keare oanfierder Mark Diemers en oanfaller Remco Balk nei de simmer net werom yn it giel-blau.
Diemers en Balk komme folgjend seizoen net werom by Cambuur
© Orange Pictures
It betsjut dat Lambooij oan 'e bak moat om de seleksje foar takom seizoen gear te stallen. "Bij veel clubs moet het nog op gang komen. Je merkt dat veel clubs wat afwachtender zijn vanwege het WK met bijvoorbeeld het verhuren van jongere spelers."
Wat hat de kommende perioade prioriteit foar dy?
Lambooij: "We kijken eerst naar of de as goed bezet is. En dat het qua ervaring, kwaliteit en leeftijd in balans is. Maar het hangt ook van de beschikbare spelers af. Wanneer kun je wie krijgen? Dat kan een puzzelstukje zijn, waarmee je weer verder gaat puzzelen."
Het liefst heb je vroegtijdig de spitspositie bezet. Dat heeft nu wel prioriteit, omdat je doelpunten moet hebben in de eredivisie.
Technysk manager Lars Lambooij
It efterste part fan dy as is mei keeper Thijs Jansen en sintrumferdigeners Jamal Amofa en Ismaël Baouf ynfolle. Mei Ethan Apkakou, Nicky Souren en Daan Visser hat Cambuur ek trije kontrolearjende middenfjilders. Mar dêr hâldt it op.
En dus is Lambooij drok dwaande mei in syktocht nei oanfallende middenfjilders en spitsen. "Het liefst heb je vroegtijdig de spitspositie bezet. Dat heeft nu wel prioriteit, omdat je doelpunten moet hebben in de eredivisie. We zijn concreet bezig met andere type spitsen dan we nu hebben."
Spits Jort van der Sande leit takom seizoen noch fêst yn Ljouwert
© Dijks Media
Dêrneist sjogge Lambooij en Cambuur nei nije bûtenspilers. Mei Oscar Sjöstrand en Ichem Ferrah binne de fleugeloanfallers fan it ôfrûne seizoen fuort.
"De intentie is om met buitenspelers te spelen en daarnaar te zoeken, omdat daar veel creativiteit weg komt", seit Lambooij. "En dat kan waarde opleveren voor de toekomst, dat hebben we ook gezien met Sjöstrand en Benjamin Pauwels."
Us analist Geert Jelle de Vries makke yn de Sportcast de ynskatting dat jimme fyftjin nije spilers nedich hawwe. Is dat ek in oantal datsto yn 'e holle hast?
Lambooij laket. "Nee. We zullen met ongeveer dezelfde grootte van de selectie werken. Dus 21 of 22 spelers met drie of vier keepers. Er zijn acht spelers vertrokken en er zal waarschijnlijk nog een aantal weggaan, maar er gaan ook jeugdspelers aansluiten."
Lambooij mei nije trainer Johan Plat
© Dijks Media
Neist de spilers dy't al fuort binne, wurde der dus noch mear útgeande transfers ferwachte.
Om wa giet dat?
Lambooij: "We staan als club open voor een vertrek van Nicolas Binder, die heeft te weinig gespeeld en moet gezien zijn leeftijd minuten gaan maken. En er is uiteraard interesse voor Ismaël Baouf, maar daarmee hebben we geen haast."
Dan binne der ek noch jonge talinten as Wiebe Kooistra en Iwan Henstra, dy't de ôfrûne seizoenen geregeld rûke mochten oan it echte wurk yn it earste. Mar de twa Fryske jonges koene de stap nei basisspiler noch net sette.
Nei harren situaasje, mar ek nei dy fan oare jonge spilers, sil de klup noch sjen. "Daar zijn we mee in gesprek over wat het beste is. Kijken of zij in de voorbereiding de volgende stap maken of dat een andere route beter is voor hun carrière."
Direkteur Ard de Graaf, nije haadtrainer Johan Plat en Lambooij
© Dijks Media
Ien fan Johan Cruijff syn legindaryske útspraken is: "Ik heb nog nooit een zak geld een doelpunt zien maken". Dochs seit de spilersbegrutting fan klups faak wol wat oer de ferhâldings yn in kompetysje.
Dêr't Cambuur it ôfrûne seizoen yn de earste divyzje by de klups mei de hegere spilersbegruttings hearde, sil dat takom seizoen yn de earedivyzje oars wêze.
Witsto al mei watfoar budzjet oftst kommend seizoen wurkje kinst?
Lambooij: "Ik heb wel een richting, maar dat ga ik nog niet vertellen. Het is hoger dan afgelopen seizoen en daarmee kunnen we concurreren met andere clubs."
Mar oan watfoar klups moat we dan tinke? Telstar? Excelsior? Willem ll? "Ik denk dat het vergelijkbaar is met Excelsior en hoger dan Telstar. Maar je weet ook nog niet van alle clubs met welke budgetten ze gaan werken", seit Lambooij.
"We moeten in ieder geval met een gezond budget de eredivisie in."
Morgan Costarelli
© Dijks Media
Mei Morgan Costarelli is de earste oanwinst foar it nije seizoen binnen. De linkerferdigener komt transferfrij oer fan Lille en moat yn Ljouwert konkurrearje mei Bram Marsman.
Mar ik fernim dat supporters ûngeduldich binne. Wannear kin se mear nije spilers ferwachtsje?
Lambooij: "Dat zou zomaar eens komende week kunnen zijn, ijs en weder dienende."
Binne dat Nederlânske spilers of sille jim wer yn it bûtenlân shoppe?
Lambooij: "Op dit moment zijn we met veel Nederlandse spelers in gesprek. De kwaliteit van spelers is het belangrijkste, maar er moet wel een gezonde balans zijn in de kleedkamer tussen Nederlandse en buitenlandse spelers. Maar het hangt wel af van beschikbaarheid."
De promoasje nei de earedivyzje hat der yn elts gefal wol foar soarge dat Cambuur mear ynvestearje kin yn data. "In de eerste divisie hadden we van tien competities de data en dat gaat nu naar de hele wereld", fertelt Lambooij.
"Dat betekent dat we van bijna alle competities ter wereld die beschikbaar zijn de fysieke data en de voetbaldata hebben. Dan kunnen we de hele wereld filteren, al moet je moet wel alles in de context plaatsen van bijvoorbeeld het land, het competitieniveau en de manier van spelen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.