Omrop Fryslân

Skûtsjeskipper Luuc Elzinga mei de kommende fiif jier gjin lid mear wêze fan de IFKS

Luuc Elzinga op de Ut en Thús
© Martin de Jong Fotografie
Skipper Luuc Elzinga fan it Jirnsumer skûtsje Ut en Thús (UT) mei de kommende fiif jier gjin lid wêze fan de IFKS. Dat hat it bestjoer justerjûn besletten.
"Wij betreuren het om tot zo'n ingrijpend besluit te moeten komen, maar achten het ook noodzakelijk en onontkoombaar", skriuwt de IFKS. Elzinga kin noch yn berop tsjin de beslissing, mar oant dy tiid is hy yn alle gefallen skorst.
Yn de praktyk komt it derop del dat Elzinga net mear oan it helmhout stean mei yn de IFKS. Wol kin hy neffens foarsitter Jaap Jelle Feenstra bemanningslid of adviseur wurde op in skip "as hy dat sosjaal winsklik fynt."
Mei it royemint komt der in ein oan in skûtsjesoap dy't al moannen duorret.

Wat is der oan 'e hân?

De restauraasje fan de Ut en Thús gie neffens in groep leden fan de IFKS net neffens de regels. Sy brochten dat mei in brief nei bûten.
Nei ûndersyk wie de konklúzje fan de Commissie Technische Zaken (CTZ) dat it skûtsje net reglemintêr ferboud wie. De foar- en efterkant fan it skip wienen der noch, mar it middenskip soe mei moderne techniken folslein nij makke wêze.
De Ut en Thús mocht dêrom net mear meidwaan yn de IFKS, mar dêrmei wie it noch net dien.
Wylst Elzinga altyd sein hat dat hy net tsjin de regels hannele hat, woenen de leden fan de IFKS him út de feriening sette.
By de algemiene ledefergadering stimden 114 leden foar royearjen en 84 tsjin.
Oer de restauraasje fan de UT is it bestjoer hurd: "Wij vinden het onbegrijpelijk dat moedwillig een prachtig wedstrijdskûtsje is gedemonteerd en delen zijn vernietigd: zo ga je niet met skûtsjes om, zo ga je niet met je eigen geschiedenis om!"

Yntimidaasje

Yn in brief oan har leden sprekt it IFKS-bestjoer ek fan yntimidaasje fan de kant fan Elzinga de ôfrûne tiid.
Sa soe bestjoerslid Age Bandstra by de ynspeksje fan de Ut en Thus 'intimiderend' tasprutsen wêze. De kommisje dy't de keuring útfierde soe ûnder druk set wêze en op de ledefergadering soe IFKS-foarsitter Jaap Jelle Feenstra "met consumptie aangeblaft" wêze troch in bemanningslid fan de UT.
De IFKS seit dit net te akseptearjen. "Deze drie vormen van intimiderend gedrag zijn niet te accepteren, dit past niet bij de IFKS als vrijwilligersorganisatie, zo gaan we niet met bestuursbesluiten en niet met elkaar om."

Tsjinwurking

Omdat Elzinga de arbitraazjekommisje tsjinwurke hawwe soe, is it bestjoer ta dit beslút kommen.
Yn de algemiene ledefergadering fan 27 maart is der troch it bestjoer fan de IFKS, mei op fersyk fan Elzinga, in arbitraazjekommisje oansteld.
Dy kommisje bestiet út rjochter Oebele Brouwer, dy't ek lid is fan de sylried fan de SKS, skipsbouwer Haiko van der Werff en âld-foarsitter fan de IFKS Willem Hoornstra.

Opdracht

De kommisje gie oan it wurk en liet beide partijen witte dat se tegearre mei in opdracht komme moasten. Dêrtroch moast dúdlik wurde wêr't it skeel krekt oer gie en op hokker fragen de kommisje antwurd jaan moast.
Ut en Thús
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dêrnei bleau it stil, neffens de arbitraazjekommisje, wikenlang stil. Pas letter waard dúdlik dat it bestjoer en Elzinga net op ien line sieten.
De skûtsjeskipper is fan miening dat hy in konflikt hat mei de CTZ, en net mei it bestjoer. Mar it bestjoer hat de konklúzjes fan de CTZ oernaam en is dus wol deeglik partij yn it konflikt, sizze se sels.

Blamaazje

Yn in brief oan de leden skriuwt de arbitraazjekommissje dat se harren opdracht dêrom werom jouwe. De konklúzje is hurd.
"Wij voelen dit als een blamage, omdat wij onze taak niet kunnen invullen. Maar het is natuurlijk vooral een blamage voor beide partijen, die niet eens in staat zijn te benoemen waarover ze van mening verschillen en welke vragen moeten worden beantwoord."

Nij skûtsje

Luuc Elzinga stie ôfrûne wykein oan de start fan Lemmer Ahoy mei syn nije skip de Vrouwe Christina.
Hy hie him ynskreaun foar de Slach om Heech op 20 en 21 juny.
Elzinga woe tongersdei net reagearje op it nijs.

Age Bandstra

Bestjoerslid Age Bandstra stapte earder dizze wike op fanwege de kwestje rûnom Luuc Elzinga. Nei eigen sizzen omdat it bestjoer net trochpakte.
No't der in útspraak leit wol hy "in pear nachtsjes sliepe" oft hy dat beslút trochset, of dat hy werom komt yn it bestjoer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.