IFKS-rel om Ut en Thus krijt nij haadstik, bestjoerslid Age Bandstra stapt út prinsipe op
Age Bandstra (77) is opstapt as bestjoerslid by it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS). Hy seit dat hy him net fine kin yn de koers fan it bestjoer yn de saak om skipper Luuc Elzinga hinne.
"Prinsipieel sjoen koe ik net langer troch as bestjoerslid", seit Bandstra yn in reaksje. "De leden hawwe hiel dúdlik west oer wat der mei Luuc barre moat, en no't dat net bart hâldt it foar my op as bestjoerslid."
Age Bandstra wie fanôf it begjin belutsen by de IFKS. Hy sylde tsien kear mei en waard fjouwer kear kampioen mei it skûtsje Hoop op Welvaart (1984, 1986, 1991, 1992).
Hy wie sûnt 2019 bestjoerslid. Hy giet foarearst wol troch mei syn wurksumheden foar de kommisje wedstriidsaken.
Wat is der oan de hân?
Om te begripen wat der oan de hân is moat we werom nei ôfrûne winter. Doe ûntstie der in grutte rel binnen de IFKS rûnom de restauraasje fan it Jirnsumer skûtsje Ut en Thus, fan skipper Luuc Elzinga.
In groep leden fan de IFKS sette fraachtekens by dy restauraasje en brocht dat nei bûten ta.
Nei ûndersyk wie de konklúzje fan de Commissie Technische Zaken (CTZ) dat it skûtsje net neffens de regels ferboud wie. It skip hie noch de 'âlde kop' en de 'âlde kont', mar it middenskip soe mei moderne techniken folslein nij makke wêze.
Twadde slachtoffer yn affaire-Elzinga
Bandstra is net de earste pommerant út de IFKS dy't opstapt nei oanlieding fan it barren om Luuc Elzinga hinne. Earder stapte Walle Hoekstra op as foarsitter fan de technyske kommisje fan de IFKS.
"De foarsitter fan de IFKS hat gjin fertrouwen yn my", sei Hoekstra yn in reaksje oer syn opstappen. "Dus dan kinst mar ien konklúzje lûke: ik kap dermei."
De konklúzje? De Ut en Thus mocht net mear meidwaan yn de IFKS, mar skipper Luuc Elzinga wol.
In beslissing dêr't Bandstra him mar muoilik yn fine kin: "Reglemintêr sjoen mei hy meidwaan mei in nij skûtsje. Mar gefoelsmjittich net. Om wat hy mei dat skûtsje dien hat, is hy it net wurdich om lid te wêzen."
Elzinga hat altyd ûntkend dat hy tsjin de regels hannele hat by de restauraasje fan de Ut en Thus.
Royemint
Op de algemiene ledefergadering fan de IFKS fan 27 maart fan dit jier stie de kwestje ek op de agenda. Der waard stimd oer it wol of net oanbliuwen fan Elzinga as lid fan de feriening.
114 leden stimden foar it royearjen en 84 tsjin. Acht leden ûntholden harren fan stimming.
De peiling betsjut lykwols net dat Elzinga fuortendaliks royearre wurdt. De leden gean dêr nammentlik net oer, mar allinnich it bestjoer hat dat foech.
Foarsitter Jaap Jelle Feenstra jout oan dat hy earst de útkomst fan in arbitraazjesaak ôfwachtsje wol, dy't oanspand is troch Elzinga.
"Troch it royemint noch net út te fieren respektearret it bestjoer har leden net", leit Bandstra út. "Dêr kin ik prinsipjeel net mear achter stean."
Feenstra wol noch net reagearje op it fertrek fan Bandstra.
Lemmer Ahoy
De beslissing fan Bandstra is mei ynjûn ek troch wat der ôfrûne wykein op Lemmer Ahoy bard is. Dêr die Luuc Elzinga nammentlik mei mei in nij skûtsje, de Vrouwe Christina.
Opfallend detail dêrby wie dat der twa dagen syld is mei it âlde seil, mei merkteken, fan de Ut en Thus. Dat kaam troch de hurde wyn. Op tongersdei wie wol it nije seilteken te sjen.
Hoewol't Elzinga earder oanjûn hat dat hy mei dat skûtsje net meidwaan sil oan it kampioenskip yn augustus, leaut Bandstra dat net. "Hy soe ek net meidwaan oan Lemmer Ahoy, en dêr stie der ôfrûne wykein ek ynienen oan de start. It is in glêde iel mei moaie praatsjes."
It sit Bandstra heech. "Dit is myn klup. Dit docht hartstikke sear. We ha it mei ús allen sa moai foar elkoar, mar we ha wol te krijen mei in angel. En dy angel, dy moat derút. Ik wol net dat dizze man noch meidocht oan de IFKS."
Omrop Fryslân hat it ferhaal fan Age Bandstra ek foarlein oan Luuc Elzinga. Dy kiest derfoar om net te reagearjen.