BNXT-avontuer foar LWD Basket no echt foarby: Ljouwerters útskeakele yn Leiden
Mei in moaie stunt sleepte LWD Basket noch in beslissingswedstriid út it fjoer, mar de Ljouwerters binne no echt klear. ZZ Leiden wie yn eigen hûs mei 107-86 te sterk.
Dat betsjut dat Leiden dizze best-of-three mei 2-1 wint en trochgiet nei de heale finale fan de play-offs om de lânstitel. Foar LWD Basket betsjut it ferlies in ein oan fiif jier yn de BNXT League.
De Ljouwerter basketbalklup hat him nammentlik net ynskreaun foar takom seizoen, omdat de easken te heech binne. Dêrmei komt der - yn alle gefallen - tydlik in ein oan topbasketbal yn Ljouwert.
Ferskil by skoft al makke
It ferskil mei moandeitejûn wie grut. Doe wûn LWD Basket nei ferlinging fan Leiden en twong dêrmei in beslissingswedstriid ôf. Matt Frierson belicheme it ferskil tusken de twa jûnen: yn eigen hûs skoarde er 26 punten, yn Leiden stie de teller nei trije kwarten noch op 0.
Shakael Pryce hie it fizier wol op skerp, hy einige mei 34 punten. En ek Maik Bouwer, dit seizoen gemiddeld goed foar 8,8 punten, hie in goede jûn: 26 punten en 9 rebounds.
Mar by Leiden einigen seis spilers yn de dûbelde sifers en dêr koe LWD Basket net genôch tsjin ynbringe. It ferskil wie by it skoft al makke, doe stie it 53-38.
Nei it skoft waard it ferskil noait lytser as trettjin punten.
Mooglik trochstart yn 2027
Yn fiif seizoenen BNXT League, allegear mei Vincent van Sliedregt as coach, wie it bêste resultaat foar LWD Basket in tsiende plak. Dat slagge twa kear, yn 2022/2023 en 2024/2025. Beide jierren helle LWD boppedat de heale finale om de lânstitel.
Dat is dit jier krekt net slagge. Kommend jier is der yn alle gefallen gjin topbasketbal yn Ljouwert. De klup hopet yn 2027 in trochstart te meitsjen yn in noch op te rjochtsjen earedivyzje.