LWD Basket ferslacht Leiden en twingt beslissende wedstriid ôf
LWD Basket hat it avontuer yn de BNXT League mei minstens ien wedstriid ferlinge. De Ljouwerters wûnen thús nei ferlinging mei 94-85 fan ZZ Leiden en twinge in beslissende tredde wedstriid ôf yn de kwartfinale fan de play-offs.
Ofrûne freed kaam LWD Basket der yn Leiden net oan te pas (111-72), mar moandei kaam de ploech fan Vincent van Sliedregt in stik better foar de dei. De hiele wedstriid gong it lykop.
LWD pakte yn it twadde kwart in lytse foarsprong, ûnder oare troch in trefsekere Matt Frierson. Leiden draaide dat nei it skoft werom.
Yn de slotfaze fan de wedstriid gong it de hiele tiid hinne en wer en mei 83-83 gongen de ploegen de ekstra tiid yn.
Oppermachtich yn ferlinging
Yn dy ferlinging ferdigene LWD Basket sterk en slagge it de oanfallers fan de thúsploech om fouten fan Leiden út te lokken. Shakael Pryce mocht seis kear oanlizze foar in frije worp en skeat der fiif fan raak.
LWD Basket wie oppermachtich yn de ferlinging (11-2) en twingt dêrmei dus in beslissende tredde wedstriid ôf tsjin Leiden.
Topskoarer by LWD Basket wie Matt Frierson mei 26 punten. Hy skeat 8 trijepunters raak. Maik Bouwer wie goed foar 17 rebounds oan de kant fan de thúsploech.
Beslissing falt yn Leiden
Tiisdei is yn Leiden de beslissende wedstriid yn de kwartfinale om it lânskampioenskip. De winner fan dat duel spilet yn de heale finale tsjin Donar.
Kommend jier gjin topbasketbal yn Ljouwert
Dit is it lêste seizoen fan LWD Basket yn de BNXT League, in kompetysje mei de bêste Nederlânske en Belgyske ploegen. De Ljouwerters ha har nammentlik net ynskreaun foar takom seizoen.
Neffens it bestjoer is it finansjeel en organisatoarysk in te grutte útdaging om ek takom seizoen diel te nimmen. De klup wurket wol oan in trochstart yn in noch op te rjochtsjen earedivyzje, mar dat duorret noch minstens in jier.