Reedrydster Rijpma-de Jong debutearret yn Nederlânske hurdfytsploech: "Hiel moai komplimint"
Antoinette Rijpma-de Jong wol wolris wat oars dwaan as reedride. En dus stiet se sneon oan de start fan de hurdfytswedstriid Omloop der Kempen. Dat is op himsels net sa bysûnder, mar wol dat se dat docht yn it oranjeshirt út namme fan de nasjonale ploech.
Wêr't har reedrydkollega's fan Reggeborgh op dit stuit yn Súd-Europa it earste trainingskamp ôfwurkje, is Rijpma-de Jong noch gewoan yn Rottum. Mei tastimming fan coach Gerard van Velde bliuwt se wat langer thús, om in hurdfytskoers ride te kinnen.
Simmers docht de regearjend olympysk kampioene op de 1.500 meter reedriden wolris faker mei oan in hurdfytswedstriid. Sa waard se foarich jier noch Nederlânsk amateurkampioen.
Mar sneon start se oan in wedstriid foar de Nederlânske ploech. Bûnscoach Laurens ten Dam, sels âld-hurdfytser, hat har útnûge foar de Omloop der Kempen.
It earste kontakt tusken de hurdfytsbûnscoach en de reedrydster datearret fan in healjier lyn, fertelt Ten Dam wylst er syn eigen fytsrit ôfbrutsen hat fanwegen it minne waar. "Het is rotweer, dus ik ga wel even onder een viaduct staan."
"Ik las een interview in De Volkskrant waarin ze zei hoe leuk ze wielrennen vond", seit Ten Dam. "En ik wist dat ze Nederlands kampioen was geworden bij de wielrenners zonder profcontract."
Al beljend, noch altyd ûnder it fiadukt, giet Ten Dam yn syn tillefoan nei Instagram. "Even kijken... Op 12 december heb ik haar een DM'etje gestuurd op Insta. 'Mooi artikel in de VK, nu eerst Milaan, maar houd 4 april even vrij', stuurde ik."
Ten Dam moast foar 4 april in seleksje gearstalle foar de Volta NXT Classic en tocht oan Rijpma-de Jong. Ta in debút yn it oranje kaam it dêr net, om't Rijpma-de Jong noch fakânsje hie. Mar al gau joech Ten Dam ek de datum fan 16 maaie oan har troch.
En sa sil Rijpma-de Jong sneon har debút foar de Nederlânske ploech meitsje yn in hurdfytskoers. "Ik fûn it in hiel moai komplimint", seit de Rottumse oer de fraach fan Ten Dam en hurdfytsbûn KNWU. "It is eat bysûnders, om foar it nasjonale team út te kommen."
Ien probleem: har wurkjouwer, de reedrydploech, hie krekt in trainingskamp pland. Mar coach Van Velde joech har tastimming om langer yn Nederlân te bliuwen. "It is hiel noflik dat ik dizze kâns krij, ek fan Gerard", jout Rijpma-de Jong ta.
It bart wol faker dat sporters nei de Olympyske Spelen ris wat oars besykje. Sa ek Rijpma-de Jong. "Ik fyn it wol moai om wat te dwaan dêr't ik enerzjy fan krij. It hurdfytsen fyn ik moai as training en dit kaam op myn paad. Dan wol ik dat wol graach."
Karriêreswitch?
Net allinnich yn it hurdfytsen op 'e dyk fynt Rijpma-de Jong wille, se is ek begûn oan in trajekt mei baanhurdfytsen.
Ik bin net klear mei it riden. Ik ha gewoan in twajierrich kontrakt by Reggeborgh en besykje alles te kombinearjen.
Ien kear yn de wike traint se op 'e baan. "Se ha in seleksje makke mei in hiele groep froulju om mei te riden mei de nasjonale ploech foar de ploege-efterfolging. Ik fyn it wol moai om mysels dêryn út te daagjen."
Wa't tinkt dat it reedriden no op it twadde plan stiet foar Rijpma-de Jong, hat it lykwols mis. "Ik bin net klear mei it riden. Ik ha gewoan in twajierrich kontrakt by Reggeborgh en besykje alles te kombinearjen."
"As it te folle wurdt, seit Gerard (Van Velde, coach by Reggeborgh, red.) dat ik train foar it reedriden en net foar de fyts. Hy wol my dêr yn beskermje."
Foar har earste hurdfytskoers foar Nederlân moat Rijpma-de Jong freed noch yn sân hasten om in reservefyts dy't sneon mei kin op de wein fan de ploechlieder. "Hurdfytsers ha twa fytsen, mar ik net."
It is net it iennige nije. Sa sil se sneon foar it earst ek mei earkes yn ride, wêrmei't se kommunisearje kin mei de bûnscoach. "Ik bin foaral hiel benijd. Ik bin ek hiel benijd hoe't ik my rêde kin yn it triuwen en it lûken yn it peloton."
Ik ben heel benieuwd en vind het mooi dat ze ervoor gaat. Dat is tof om te zien.
Bûnscoach Ten Dam makket him dêr net safolle soargen oer. "In de klasse van wielrenners zonder contract wordt ook gekwakt, dus ze is niet bang. En ze kan sturen. Je hoeft haar niet uit te leggen wat topsport is. Dus het leek mij een mooie match."
De 45-jierrige âld-hurdfytser, dy't twa kear yn de top tsien fan in grutte ronde einige, jout Rijpma-de Jong sneon in frije rol. Lorena Wiebes is dejinge dy't it yn de sprint ôfmeitsje moat en Rijpma-de Jong mei yn har tsjil sitte om te sjen oft se ek meisprinte kin om de eareplakken.
"Ik heb er alle vertrouwen in dat ze de sprint haalt. Ze mag best wel een beetje die elleboogjes gebruiken", seit Ten Dam. "Ik ben heel benieuwd en vind het mooi dat ze ervoor gaat. Dat is tof om te zien."
De Omloop der Kempen is in koers oer 130 kilometer, dêr't de saneamde Worldtourteams fan it heechste nivo oan meidogge. In foarbyld dêrfan is AG Insurance-Soudal, wêrfoar't ek de Burgumse Leonie Bentveld op de startlist stiet.
Mar der dogge ek teams mei dy't op in leger nivo ride. En om't it in koers yn eigen lân is, hat de organisaasje Ten Dam frege of hy ek mei in Nederlânske ploech meidwaan wol.
Rijpma-de Jong omturne fan reedrydster nei hurdfytster is net it doel fan Ten Dam. "Het is niet dat ik haar naar het wielrennen probeer te trekken. Maar het is een mooi stapje hogerop dan de criteriums die ze normaal rijdt."
NK hurdfytsen
Mar stel... Stel dat se yndruk makket en dat de hurdfytsbûnscoach har meinimme wol nei it WK, ein septimber? "Dat is foar my op dit momint gjin opsje", jout Rijpma-de Jong ta. It sit te deun op it reedrydseizoen.
De 31-jierrige topsportster sil ein juny it NK wol ride mei de profs. Mar wa't tinkt dat se de kommende oardel moanne brûke sil om har ta te lizzen op dat NK, hat it mis. "Snein ride we nei Súd-Frankryk. Dêr slút ik oan by it trainingskamp fan ús allroundploech."
Je kinne de frou wol út it reedriden helje, mar it reedriden net út de frou.