Omrop Fryslân

It keatsen as medisyn nei in rûzige perioade foar Marten Bergsma: "Bliid dat ik wer mei en kin"

Marten Bergsma yn Menaam
© Dijks Media
De earste frijeformaasjepartij fan it nije keatsseizoen is foar Marten Bergsma de ôfsluting fan in rûzich foarjier. De Minnertsgeaster lei twa wiken yn it sikehûs, die mei oan it WK yn Argentinië én keatste mei de keninklike famylje.
Mei Hessel Postma en nije maat Erwin Zijlstra komt Bergsma snein yn Menaam ta in finaleplak. Yn de einstriid is it partoer fan Menno van Zwieten mei 5-4 en 6-2 te sterk.
Der sil dit seizoen mei ekstra oandacht nei it partoer fan Bergsma-en-dy sjoen wurde. Foarich jier wûnen se, doe noch mei Pieter Jan Leijenaar yn stee fan Zijlstra, de PC. Bergsma waard kening.
Mar Leijenaar waard oan 'e kant set en Zijlstra, dy't de foarige seizoenen mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra keatste, kaam foar him yn it plak.
Marten Bergsma mei syn nije achterynse Erwin Zijlstra
© Dijks Media
De iepening fan it keatsseizoen, ferline wike mei de earste ôfdielingspartij yn Weidum en snein mei de earste frijeformaasjepartij, folget foar Bergsma op in hektyske perioade. Dat makket dat er noch mear nei it keatsen talibbet as oars.
"Ik ha krekt wat mear sin yn dit seizoen", jout Bergsma ta. "Ik ha genoch meimakke yn de ôfrûne moannen. Ik bin bliid dat ik wer keatse mei en keatse kin."

Harsenfluesûntstekking

Werom nei twa moannen lyn. De 30-jierrige Bergsma hat konstant pineholle. "De hiele dei troch. Oerdeis, nachts", fertelt Bergsma. "En ik waard mislik, moast spuie."
Uteinlik giet er dermei hinne en bedarret er yn it sikehûs, dêr't er twa wiken oan it ynfús leit. Undersyk docht bliken dat er in harsenfluesûntstekking hat.
"Dat kin hiel gefaarlik wêze", is Bergsma him bewust. "Mar ik wie der reedlik op 'e tiid by. Ek al ha ik der wol wat te lang mei omrûn. Dan bin ik dwers en wol ik net gelyk tajaan. It hie ek oars rinne kinnen. It besef dêrfan kaam letter pas."
Marten Bergsma (links) yn aksje yn Argentinië
© KNKB Media
As Bergsma út it sikehûs komt, fuotballet er frij gau wer by it earste fan Minnertsgea. "Dat hie net moatten", seit er mei de kennis fan no. Hielendal om't er flak dêrnei, oardel wike nei't er út it sikehûs kaam, op it fleantúch stapte.
Mei de Nederlânske keatsploech reizge er hast tritich oeren nei Argentinië om mei te dwaan oan it WK. "It wie efterôf wat te fluch miskien. Mar in trip dy't je sa lang yn je holle ha, dêr't je sin yn ha en foar traind ha, dêr dogge je alles foar."
Marten Bergsma nimt de opslach foar syn rekken op it WK keatsen
© KNKB Media
Spyt dat er dochs mei TeamNL nei Súd-Amearika gien is, hat Bergsma lykwols net. "Ik moast it út de teannen helje kwa konsintraasje en enerzjylevel. Mar ik bin bliid dat ik it meimakke ha."

Keatse mei de keninklike famylje

Nei de wiken yn it sikehûs en yn Argentinië efkes ta rêst komme, wie der net hielendal by. Want it keatsbûn benadere Bergsma om op Keningsdei yn Dokkum de sport te fertsjintwurdigjen.
En sa stie hy ynienen in baltsje te slaan mei Willem-Alexander en Máxima. "Dat wie unyk. Hiel moai om mei te meitsjen. Je komme net sa faak ticht by dy minsken yn 'e buert", fertelt Bergsma.
Keninginne Máxima en kening Willem-Alexander oan it keatsen
© ANP
Hiele petearen fiere mei de kening of keninginne siet der net yn. "En tips jaan yn oardel minút is ek dreech", gniist Bergsma. "Ik tink dat we it keatsen moai op de kaart sette koene."
Dat hopet Bergsma de kommende moannen ek wer te dwaan op de keatsfjilden yn de provinsje.
It giet no knap, de wedstriden sille útwize wêr't ik stean en hoe't it giet.
Marten Bergsma lei yn maart noch twa wiken yn it sikehûs
Al is it noch wol de fraach hoe't Bergsma derfoar stiet nei de harsenfluesûntstekking.
"It giet no knap, de wedstriden sille útwize wêr't ik stean en hoe't it giet. It hinget fan de dei ôf. Je moatte goed neitinke mei wat je dogge, mar yn prinsipe is myn enerzjy goed te ferdielen."
De PC-kening fan ferline jier wol de holleblessuere, litte we it sa mar neame, yn elts gefal net as ekskús brûke. "As ik no keats, dan wol ik it net de skuld jaan. Ik bin fit genôch."
Bliidskip by Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar op de PC
© Martin de Jong Fotografie
De opslagger tinkt dat der, lykas foarich seizoen, fjouwer partoeren om de prizen stride sille. Dy fan Menno van Zwieten, Johan Sipma, Steven Koster en it eigen partoer.
"Dan is de foarm fan de dei bepalend en hoe't elkenien deryn sit. Der sil nei seis oant acht wedstriden in top twa wêze", tinkt Bergsma. "Ik hoopje dat wy dêrby sitte."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.