Omrop Fryslân

Hartthijs de Vries folget Pieter Weening op yn de Giro d'Italia: "Dat is spesjaal"

De twa Friezen fan de Unibet Rose Rockets: Hartthijs de Vries en Josse Wester
© Josse Wester
Seis jier lyn wie Pieter Weening de lêste Fries dy't meidie oan ien fan de trije grutte rondes yn it hurdfytsen. Mar syn opfolger stiet klear.
Hartthijs de Vries stiet freed oan 'e start fan de Giro d'Italia.
Mooglik dat se inoar ek tsjin komme, earne de kommende wiken. Weening is nammentlik ploechlieder by Jayco AlUla, wylst De Vries as ûnderdiel fan de Unibet Rose Rockets meidocht.
In eare, sa fynt Kollumer De Vries.
"It is wol bysûnder, ast sjochst dat der amper Friezen binne dy't it ta it heechste nivo yn it fytsen skopt hawwe. Der binne mar in pear dy't monuminten en grutte rondes riden hawwe. Dat fyn ik wol spesjaal."
Hartthijs de Vries (linksfoar) by de ferkenning fan de earste etappe
© Unibet Rose Rockets
By de Unibet Rose Rockets kin De Vries ek wolris Frysk prate, want Wynjewâldster Josse Wester is ien fan de oprjochters fan it team.
Sân jier lyn begûn hy mei twa maten ludike filmkes te meitsjen by de Tour de France.
In pear jier letter begûnen se in eigen team. En it dielnimmen oan harren earste grutte ronde mei de ploech is in folgjende mylpeal yn it mearke fan Wester-en-dy.
Hartthijs de Vries (links) en Josse Wester
© Unibet Rose Rockets
De beide Friezen sjogge fanút Nessebar, in plak oan de eastkust fan Bulgarije, foarút op de Giro d'Italia.
De koers begjint nammentlik net yn Italië; de earste trije etappes binne yn Bulgarije.
Sûnt tiisdei binne Wester, De Vries en de rest fan de ploech yn Bulgarije. Dat de Giro wol wat oars is as in oare wedstriid, fernimt Wester oan meardere saken.
In foarbyld? "Normaal bellesto noait foar dy koersen, mar no is it al in pear dagen drokte", laket de Wynjewâldster.

Logistike puzel

As mei-eigener fan de ploech is Wester belutsen by in hoop ûnderdielen.
Sa as de logistike puzel, dy't wat yngewikkelder is mei de start yn Bulgarije. Letter wurdt der ek noch in útstapke makke nei Switserlân.
"It is best kompleks. We hawwe minsken út alle wynstreken: út Nij-Seelân, Australië en hiel Europa. Der sit in soad wurk yn de organisaasje. We binne hjir mei tusken de tritich en fjirtich man en in hiel soad weinen."
Wester is bliid as de fytsers freedtemiddei fuortsketten wurde foar de earste etappe.
"Ik bin bliid dat it no einliks begjint, want sa'n oanrin duorret wol lang."
De Unibet Rose Rockets mei De Vries, twadde fan rjochts, by de ploegepresintaasje fan de Giro d'Italia
© Unibet Rose Rockets
De Vries hat de ôfrûne dagen mei syn ploechgenoaten de Bulgaarske diken ferkend.
Woansdei wie de ploegepresintaasje, dêr't se ek acte de présence jûn hawwe.
Dochs hat er it echte 'Girogefoel' noch net te pakken, ek om't it dêr minder libbet as yn Italië.
Ik haw no net echt it gefoel fan: wauw, ik sit yn de Giro.
Hartthijs de Vries
Om dat echte gefoel te priuwen, moatte se noch efkes geduld ha. Nei de rêstdei op moandei wurdt der fan tiisdei ôf koerst yn Italië.
De Vries: "Ik haw no net echt it gefoel fan: wauw, ik sit yn de Giro. Ik bin dwaande mei de earste rit. As topsporter sjochsto altyd wer foarút. Ik moat mysels der somtiden even op wize dat ik yn de Giro bin en dat dat spesjaal is."

Eigen kânsen

De ôfrûne wiken hat de 29-jierrige Kollumer yn Spanje op hichtestaazje west om yn foarm te reitsjen foar de Giro.
Syn taak is om yn de sprintetappes te soargjen dat ploechgenoat Dylan Groenewegen meidwaan kin om de winst. En yn it heechberchte kin er fan betsjutting wêze foar Wout Poels.
"En der komme meardere ritten dy't te swier binne foar de sprinters. Ik tink dat ik yn dy ritten fanút de flecht in hiel moaie kâns haw om sels foar in resultaat te gean."
Josse Wester (rjochts) mei mei-oprjochter Bas Tietema
© Unibet Rose Rockets
Dêr't it echte wurk foar De Vries fan freed ôf begjint, sit it der foar Wester eins wol op mei de tarieding. En dus hat er de kommende tiid ek romte om te genietsjen.
Syn rol soe er omskriuwe as in soarte fan ambassadeur fan de ploech. Dus beskikber wêze foar de parse, mar ek foar de sponsoaren en de fans.
"Ik besykje it sa frij mooglik oan te fleanen, sadat ik safolle mooglik fan de koers sjen kin."
Wat Wester al wol opfoel: by in trainingsritsje seagen se op it Bulgaarske plattelân tongersdei ynienen in Fryske flagge.
Josse Wester mei de Fryske flagge op it plattelân fan Bulgarije
© Josse Wester
Fierder ûndersyk smiet lykwols neat op. "We hawwe oanbelle, mar der die gjinien iepen", fertelt Wester.

Aldereintehûs

As it oan it Fryske twatal leit, dan wurdt it in wedstriid om nea te ferjitten.
Wester: "It wurdt spannend, mar ek in fantastysk moai aventoer. As Hartthijs en ik âld binne en earne yn Fryslân op it plattelân yn in âldereintehûs sitte, sizze we noch tsjininoar: 'Dat wie moai, hin?'"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.