Cambuur hopet Johan Plat takom wike te presintearjen as opfolger fan Henk de Jong
Johan Plat wurdt de nije trainer fan Cambuur. De petearen tusken de beide partijen rinne noch, mar sitte yn de ôfrûnjende faze. Cambuur hopet him nije wike offisjeel te presintearjen.
Sûnt ôfrûne freed waard dúdlik dat Plat by de kânshawwers hearde om Henk de Jong op te folgjen. Ferline wike makke de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân bekend dat er nei dit seizoen ophâldt as haadtrainer.
Dêrmei hawwe de Ljouwerters al fluch in opfolger fûn foar De Jong, mits de petearen yn de einfaze net stikken rinne.
It is de bedoeling dat Plat in twajierrich kontrakt tekenje sil yn it Kooi Stadion.
Technysk manager Lars Lambooij joech oan in 'jonge, moderne trainer' te sykjen en dy hat er fûn yn de persoan fan Plat.
De Noard-Hollanner is 39 jier en sit sûnt septimber sûnder klup. Doe krige er dien as haadtrainer fan CD Castellón, dat útkomt op it twadde nivo yn Spanje.
Dêr wie de âld-fuotballer yn 2023 delstrutsen as assistint-trainer fan Dick Schreuder. Dy krige lykwols dien yn jannewaris 2025, wêrnei't Plat it haadtrainerskip oernaam.
Nei in minne start fan it rinnende seizoen waard er yn septimber 2025 lykwols oan kant set troch de Spaanske klup. Sûnt dy tiid sit er sûnder wurkjouwer.
Dochs hat Plat yndruk makke yn syn tiid as haadtrainer, want neffens syn saakwaarnimmer soe hy der ynternasjonaal goed op stean. Klups yn Spanje, Dútslân en Nederlân soene in eachje op him ha. Mar úteinlik is de kar dus fallen op Cambuur.
As spiler kaam Plat út foar ûnder oare Telstar, Roda JC en it Dútske Hansa Rostock. Hy kaam ta 138 wedstriden yn de earste divyzje en spile yn Dútslân mear as fiiftich duels op it tredde nivo.