Dream Hartthijs de Vries komt út mei Ronde van Vlaanderen: "Bysûnder momintsje"
Foar it earst yn seis jier soe der wer in Fryske hurdfytser meidwaan kinne oan in grutte ronde by de manlju. As Hartthijs de Vries de kommende wiken fit bliuwt en selektearre wurdt, stiet er yn maaie nammentlik oan de start fan de Giro d'Italia.
It soe dan de earste grutte ronde wurde kinne yn de hurdfytskarriêre fan de Kollumer. Sa kin it in bysûnder seizoen foar him wurde. Al is it dat eins al, want ek dit foarjier rydt De Vries al de iene nei de oare hurdfytswedstriid op it heechste nivo.
It is in gefolch fan de ûntwikkeling dy't De Vries en syn ploech, de Unibet Rose Rockets, trochmeitsje.
Yn 2021 begûnen trije manlju, wêrûnder Wynjewâldster Josse Wester, mei it bouwen oan in eigen hurdfytsploech. De Vries wie yn 2022 de earste renner dy't se fêstleinen.
We binne no fiif jier letter en De Vries giet der stikem fanút dat er yn maaie de Giro d'Italia ride mei. Boppedat ried er dit foarjier al foar it earst World Tour-koersen - dat is it heechste nivo - as Milaan-Sanremo, de E3 Saxo Classic en Dwars door Vlaanderen.
De Hoogmis
Dêr komt snein de miskien wol bysûnderste iendeiskoers by dy't der is: de Ronde van Vlaanderen. De 'Hoogmis' en 'Vlaanderens Mooiste' binne net foar neat twa synonimen foar dy wedstriid.
"It is seker in bysûndere koers. Foar my is de Ronde van Vlaanderen spesjaler as Parys-Roubaix", seit De Vries, dy't syn berteplak Kollum ôfrûne simmer ferruile foar in hûs yn België.
"Al dizze foarjierskoersen libje hjir hiel bot. Dat sjochst oan hoefolle publyk oft der is. De sport is yn België hiel grut."
"It wurdt ek romantisearre troch de parse; de hiele wike binne der tv-programma's oer de Ronde. It is in enoarme belibbing en de Ronde is dêr it hichtepunt fan."
De oplettende hurdfytsleafhawwer seach De Vries in wike lyn foarbykommen yn de wedstriid In Flanders Fields, better bekend as Gent-Wevelgem.
It bliuwt spesjaal om mei sokke hurdfytsers de finale yn te gean, want hast in hiel soad respekt foar dy manlju.
Dêr ried de 29-jierrige Fries lang yn de kopgroep. Yn dy kopgroep krige er letter selskip fan Mathieu van der Poel en Wout van Aert, de 'crème de la crème' fan it hurdfytspeloton.
"Dat wie in hiele moaie dei", sjocht De Vries werom. "We kamen oant superdjip yn de finale. It bliuwt spesjaal om mei sokke hurdfytsers de finale yn te gean, want hast in hiel soad respekt foar dy manlju. Mar de lêste kear op de Kemmelberg giene se te hurd oan, dat wie skande."
De Vries koe net folgje, mar úteinlik waarden de koprinners wer byhelle. Yn 'e sprint einige De Vries (25e) noch foar Van Aert (30e) en Van der Poel (35e).
De ûnderfining dy't De Vries de ôfrûne wiken opdien hat yn de wedstriden, makket fan him in bettere hurdfytser.
"De World Tour-koersen binne fan in oar nivo. Dat binne wedstriden dy't langer binne as 240 kilometer. Milaan-Sanremo is bygelyks hast 300 kilometer en de Ronde van Vlaanderen mear as 270."
"Troch dy koersen op it heechste nivo te riden, krijst in gruttere motor. Ik fernim no dat ik dêroan wen. Ik wurd elts jier noch better."
Dy ûntwikkeling wurdt dus nei alle gedachten, as der neat geks bart, beleanne mei in plak yn de seleksje fan de Unibet Rose Rockets foar de Giro d'Italia. Al docht De Vries dêr noch wol wat geheimsinnich oer.
"De kâns is grut dat ik de Giro ryd. It programma is derop ynrjochte dat ik nei snein op hichtestaazje gean en rjochting de Giro wurkje. Ik kin it noch net mei 100 prosint sekerheid sizze, mar it soe seker kinne."
Fytse yn Flaanderen oars as yn Fryslân
It makket wol dat hy syn besite oan it heitelân efkes útstelle moat.
"Mei de krystdagen wie ik foar it lêst yn Fryslân. It plan wie om nei de Ronde van Vlaanderen in wike werom te gean, mar dy hichtestaazje komt dertusken. Dat is spitich, mar it heart der efkes by."
Ik bin graach yn Fryslân en trainde dêr graach. Soms ferlangje ik wol werom nei myn âlde rûntsjes.
Sûnt hy nei Flaanderen ferhuze ("myn freondinne komt hjirwei en dat yn kombinaasje mei de koers") kin er dêr omraak traine. "Ik kin fan hjirút de heuvels yn, mar ek op it flakke ride. Dat is ideaal."
Mar ek al wennet er no yn it walhalla foar hurdfytsers, dochs mist De Vries Fryslân en de lange, keale paden. "Ik bin graach yn Fryslân en trainde dêr graach. Soms ferlangje ik wol werom nei myn âlde rûntsjes."
Mar de besite oan Fryslân moat dus noch efkes útsteld wurde, want de koers wachtet op gjinien. De ôfrûne dagen hat De Vries mei syn ploechgenoaten rêstich traind, want hy hat de ôfrûne twa wiken mear as 800 kilometer fytst.
Snein komt dêr yn de Ronde van Vlaanderen, as it goed is, wer hast 280 by. "It earste plan snein sil wêze om yn de betide ûntsnapping te sitten om sa fierder yn de koers te kommen. Mar dat is dreech, want der binne in soad fytsers ynteressearre yn de betide flecht."
Dijkstra wol, Krijnsen net yn De Ronde
Hartthijs de Vries is net de iennige Fries dy't meidocht oan de Ronde van Vlaanderen. Anneke Dijkstra fan Olterterp makket har op foar har tredde dielname oan de 'Hoogmis'.
Boalserter Jelte Krijnsen stie yn earste ynstânsje ek op de startlist, mar docht dochs net mei. Oan de ein fan foarich seizoen krige er in harsenskodding by in fal.
Hy knapte op en yn de earste foarjiersklassiker, Omloop Het Nieuwsblad, ried Krijnsen lang yn de kopgroep. "Maar daarna kwamen de klachten terug en hebben we moeten beslissen om koersen te skippen", seit de rider fan Team Jayco AlUla.
"Dat is flink balen, want de eerste koersen gingen goed. Het is klote dat ik me de komende weken niet kan laten zien."
Sneintemoarn sil De Vries by de ploegepresintaasje yn Antwerpen wol efkes om him hinne sjen. "Dat is altyd hiel yndrukwekkend, want dêr binne in hiel soad minsken. Dan komt de spanning wol wat, tink ik. Dat is wol in bysûnder momintsje."
En miskien sjitte de ôfrûne tsien jier him dan wol efkes troch de holle. Hertritmestoarnissen, it betide ferstjerren fan syn heit en de perioade op de Spaanske intensive care nei in slim trainingsûngelok. It is De Vries beslist net oanwaaien kaam.
Syn trochsettingsfermogen wurdt dit seizoen beleanne. "Mei alle klassikers en dan rjochting myn earste grutte ronde. Dan giet it wol fluch."