Leden IFKS wolle Luuc Elzinga út feriening ha, bestjoer is oan set: "Yngripende saak"
Skipper Luuc Elzinga wurdt mooglik út de IFKS set. Op de ledegearkomste stimden de measte skûtsjesilers foar it royearjen fan him as lid fan de feriening.
It bestjoer moat de kommende tiid bepale of sy it advys definityf oernimme, al liket it dêr wol op.
"Dit is foar de hiele feriening yn tige yngripende saak", seit foarsitter Jaap Jelle Feenstra. "It docht in hiel soad mei de leden en de emoasjes binne der dan ek folop."
Drokke ledegearkomste
It is freed kwa opkomst in histoaryske algemiene ledegearkomste foar de IFKS: yn it Heechhûs yn Heech ferskine sa'n 150 leden, oantallen dy't de feriening net earder helle hat.
Dy leden komme dan ek net foar neat. Sy stimme oer it wol of net oanbliuwen fan skipper Luuc Elzinga as lid fan de feriening.
De stimming stie op de aginda nei't leden in brief stjoerd hiene oan it bestjoer.
Rebûlje nei renovaasje skûtsje
De sechstich ûndertekeners wolle dat Elzinga út de feriening set wurdt nei't hy de spil waard yn in soap oer skûtsje Ut en Thús.
It Jirnsumer skûtsje, mei Elzinga as skipper, is yn de wintermoannen ferboud en renovearre. Dat is úteinlik net neffens de regels fan de IFKS bard.
In skûtsje mei renovearre of opknapt wurde, mar moat noch wol sa folle as mooglik yn de orizjinele, histoaryske steat bliuwe.
De ferbouwing fan de Ut en Thús rûn folslein oars. It skûtsje is yn it middenstik hielendal fernijd, allinnich de 'kop' en 'kont' fan it skip binne oerbleaun.
'Bewust en opzettelijk misleid'
It middenstik is dus net mear orizjineel en autentyk. Dat mocht net neffens de regels en sadwaande is de Ut en Thús útsletten fan de IFKS 2026.
Neffens de opstellers fan de brief hat Elzinga de technyske kommisje 'bewust en opzettelijk misleid, een prachtig en in goede staat verkerend historisch skûtsje vernietigd en de vereniging in diskrediet gebracht'.
Reaksje Luuc Elzinga
Skipper Luuc Elzinga woe net mûnling reagearje op it nijs oer syn mooglike royearjen.
Wol lit hy yn in skriftlike reaksje witte dat hy it net iens is mei de stimming.
"Tegen een middeleeuws eenzijdig tribunaal kun je niet op. We rekenen op een rationeel naar de feiten kijkende arbitragecommissie."
Elzinga naam yn de gearkomste as earste sels it wurd en spruts de seal ta.
"Ik betreur de gang van zaken enorm. Met de kennis van nu had ik het anders gedaan. Dat is mijn naïviteit geweest en die verantwoordelijkheid neem ik."
Bestjoer hat lêste wurd
Uteinlik oerlibbet hy de peiling net. 114 leden stimme foar royearje en 84 tsjin. Acht leden ûnthâlde harren fan stimming.
De peiling betsjut lykwols net dat Elzinga fuortendaliks royearre wurdt. De leden gean dêr nammentlik net oer, mar allinnich it bestjoer hat dat foech.
"Swierweagjend advys"
"Dus ha wy twa opsjes no", seit foarsitter Feenstra. "It royemint trochsette of net. Yn dat lêste gefal sille wy mei wol hiele goeie arguminten komme moatte. Dit is in swierweagjend advys en dat nimme wy hiel serieus."
It liket der dus sterk op dat it bestjoer it advys oernimt. Dat soe betsjutte dat Elzinga gjin lid mear is fan de IFKS en net meidwaan mei oan de wedstriden.
It bestjoer seit noch net sizze te kinnen wannear't der definityf in beslút falt. Nei alle gedachten wachtsje sy op in arbitraazjesaak dy't oanspand is troch Elzinga.
It team fan de Ut en Thús is it net iens mei it feit dat it skûtsje útsletten is. De kommisje arbitraazjesaken moat neigean of de kar korrekt en goed makke is.
Elzinga lûkt eigen konklúzje
As de arbitraazjesaak dien is, sil sjoen wurde nei it royearjen fan Elzinga. Al joech dy earder oan sels ek konklúzjes te lûken út de saak.
"Wanneer de arbitragecommissie net zo vernietigend oordeelt als de initiatiefnemers tot ontzetten van mij als lid zal het niet nodig zijn om een royement aan te vragen, maar zal ik hier zelf mijn conclusies aan verbinden."
Der is noch hoop
Royearjen fan leden hoecht net foar altyd te wêzen, lit Feenstra witte. Yn it ferline binne der meardere leden royearre, dy't úteinlik ek werom komme koene.