Omrop Fryslân

Swimbad wurdt toaniel: Tryater komt mei unike jubileumfoarstelling

Swimkursus foar akteurs fan teäterstik Swimbad
© RTV NOF, Jurgen van Kammen
Akteurs fan teätergroep Tryater út Ljouwert bringe ein maaie in bysûndere foarstelling ta libben, midden yn in iepenloftswimbad.
It teäterstik giet oer in pensjonearre badjuffer dy't fan alles meimakket yn it wetter.
Om it stik sa echt mooglik lykje te litten, krije de akteurs in kursus ta badmaster.
Foar harren nije foarstelling Swimbad nimme akteurs Karel Hermans en Gerwin de Vries it it badmasterskip hiel serieus.
Yn it stik spylje se sels badmasters en dêr heart fansels in goede tarieding by.
Benammen omdat der ek bern oanwêzich binne, wolle se hiel krekt witte hoe't se hannelje moatte en hokker oanwizingen se jaan kinne.
Badjuffer Claudia Elfring jout de akteurs ferskate swimkursussen
© RTV NOF, Jurgen van Kammen
"Wy binne eins foarûndersyk oan it dwaan: wat hâldt it no yn om badmaster te wêzen?", fertelt Gerwin de Vries.
Dat foarûndersyk is nedich om de rol sa leauweardich mooglik del te setten.
Dêrby krije de akteurs help fan ien mei echte ûnderfining. "Gelokkich helpt Claudia, ien fan de badjuffers ús dêr hiel goed by, dat is wol in lúkse", jout De Vries oan.
Claudia Elfring, dy't harren begeliedt, sjocht dat it duo der hiel serieus mei dwaande is.
"Ze volgen op dit moment hier een zwemcursus met toezicht houden, reddingszwemmen, aquasporten en een professionele zwemles. De mannen maken het verschil."

Jubileum

De foarstelling Swimbad makket diel út fan it jubileumseizoen fan teätergroep Tryater, dat dit jier 60 jier bestiet. Om dat te fieren pakke se grut út mei in stik dat him folslein ôfspilet yn in swimbad.
"Het is een openluchtvoorstelling in Bakkeveen in het grote openluchtzwembad. Daar gaan we een hele grote voorstelling maken," seit Karel Hermans.
It libben fan de frou stiet sintraal yn it stik. "Die zie je in meerdere fases van het leven voorbij komen. Het gaat natuurlijk ook over het zwembadleven."
Neffens de makkers is it swimbad in plak dêr't minsken harren fan in oare kant sjen litte.
"Nergens zijn we zo naakt als in het zwembad: we delen het water met mensen die we niet kennen en worden geconfronteerd met andermans lichaam", lizze se út.

It swimbad as bysûndere setting

Just dy setting soarget foar in mjuks fan ûngemak en humor. Tagelyk sit der ek in lichtere kant oan.
"Het water is de plek waar we ons lichter kunnen voelen en een plek die bevrijd", fertelle de makkers.
It resultaat is in foarstelling wêryn't werkenbere situaasjes, spanning en in flinke doasis komedie byinoar komme.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.