Omrop Fryslân

Konsumintegedrach (noch) net oars troch ûnrêst yn Midden-Easten

Drokte yn de winkelstrjitten
© Frank Vink
Nettsjinsteande de ûnrêst yn it Midden-Easten, de hege brânstofprizen en ûnwissens oer de takomst passe konsuminten harren dwaan en litten noch net oan.
Dat sjocht finansjeel adviseur Edwin Wierda fan Wierda Vermogensbeheer. En it fernuveret him.
"As ik sjoch nei bygelyks belizzers; it oantal telefoantsjes dat wy op in dei krije fan minsken dy't freegje wat se dwaan moatte en oft it wol goed komt, dat is gewoan ekstreem leech."
Der binne ek gjin kloften minsken dy't harren belizzings ferkeapje of der mear jild yn stekke.
"Dat is wol bysûnder", fynt Wierda. "Mei de ynfal yn Oekraïne en yn de coronaperioade wie it ek ûnwis, mar dat gie ek wer oer. Ik tink dat in soad minsken tinke: it is allegear wér mis, dat sil dan wol, it komt wol wer goed."
Joyce Walstra
© Omrop Fryslân
De organisaasje foar it midden- en lytsbedriuw yn it noarden (MKB Noord) fernimt ek net folle feroaring. "Wij krijgen geen signalen van bedrijven dat het consumentengedrag aan het veranderen is", seit foarsitter Joyce Walstra.
Dan is der noch de lanlike organisaasje INretail. As it giet oer retail, dan giet it oer de direkte ferkeap fan guod en tsjinsten oan kosuminten, fia winkels en webshops.
"Wij merken het ook nog niet", seit wurdfierder Paul te Grotenhuis. "En dat zeg ik op basis van contacten met collega's in het hele land."
De echte effecten blijven nog uit.
Paul te Grotenhuis fan INretail
It iennige dat de konsumint oant no ta fernimt fan de krisis yn it Midden-Easten, is de hege priis foar brânstof. "En het consumentenvertrouwen gaat omlaag", wit Te Grotenhuis. "Maar echte effecten blijven nog uit."
INretail fernimt net dat konsuminten minder jild útjouwe, al kin dat noch wol komme. "In elk product dat gemaakt wordt, zit energie. Of het nu om een brood, kleding of een auto gaat."
"Het kost energie om te produceren en energie kost steeds meer geld. Misschien dat mensen dan concessies moeten doen."
Kleanwinkel
© Omrop Fryslân
Te Grotenhuis van INretail hat in oantal ferklearrings foar wêrom't it oantal bestegings no noch net weromrint.
"Er zijn veel mensen met een vast energiecontract, dus voor hen valt het nog wel mee", tinkt er. Mar in oare faktor spilet miskien wol in gruttere rol.
"Als je naar de fysieke winkels kijkt, dan zie je dat voorjaars- en zomervoorraad al is ingekocht. Kledingwinkels komen met de zomercollecties, maar die prijzen gaan niet meer veranderen. Hetzelfde geldt voor keukens, auto's en andere goederen."
Dus as fan 't hjerst winkels it assortimint oanpasse oan de winterperioade, dan kin it wêze dat wy dán wol fernimme dat prizen in stik heger binne as in jier earder.
Winkelpersoniel
© INretail
Is der dan gjin sektor dy't it dreger hat as oars?
"De transportsektor is een bekend voorbeeld. Die merkt het meteen door de prijzen aan de pomp", seit Te Grotenhuis. "Maar ik denk dat misschien de reiswereld het lastiger heeft. Kerosine is duurder en zou jij nu met een fijn gevoel op het strand op Cyprus liggen? Ik denk dat mensen misschien wel wat dichter bij huis blijven."

"We horen weleens wat gemopper"

"Dat is genuanceerd waar", seit Erik van der Waard fan Internoord Vakanties. "We zien wel een klein beetje een terugloop de laatste weken, maar ik denk dat dat meer met de politieke ontwikkelingen te maken heeft dan met iets anders."
Fierder hawwe der gjin grutte ferskowings plak en is de djoere kerosine gjin reden om dan mar net yn it fleantúch te stappen. "Er gaan nog steeds veel mensen naar de Canarische eilanden of Zuid-Spanje en Portugal."
Minsken geane net minder op fakânsje
© Shutterstock.com
It is ek net sa dat minsken no earder kieze foar in goedkeapere fekânsje. Van der Waard: "We horen weleens wat gemopper, maar mensen blijven er niet om thuis."
Dêrby hat it reisburo wol gelok hân, dat de oanfallen net in pear moanne earder begûnen.
"Het grootste deel van de zomeromzet halen we in december", seit Van der Waard. "Was dit een paar maanden eerder gebeurd, dan waren de gevolgen groter geweest."

Sentimintmjitting

It gefoel dat alles djoerder wurdt, neamt Te Grotenhuis van INretail "een sentimentmeting". Oan it gedrach en de sifers is neat te sjen.
Of dat kloppet, witte we nei alle gedachten pas letter, seit finansjeel adviseur Edwin Wierda: "De measte bedriuwen publisearje sifers ien kear yn it healjier en dan faak noch in moanne nei dat healjier. Dus dy sifers sjochst no noch net."
"Alles hinget derfan ôf hoelang oft dit duorret", seit Wierda. "Duorret it lang, dan hat it sûnder twivel gefolgen foar it dwaan en litten fan de konsuminten, mar no noch net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.