Omrop Fryslân

"Er missen vijf of zes puzzelstukjes": moard op kroechbaas Fokko Werkman noch altyd mystearje

Fokko Werkman
© Omrop Fryslân
De moard op kroechbaas Fokko Werkman fan De Haule op 12 oktober 2003 is noch altyd net oplost. In groep podcastmakkers besiket dêr feroaring yn te bringen. "Deze zaak voelt oplosbaar."
Op 12 oktober 2003 waard Fokko Werkman, de 34-jierrige eigener fan doarpskafee De Turfsteker yn De Haule, dea fûn yn it wendiel achter it kafee.
Klappen op de holle waarden him fataal. Syn eks-frou Geertsje fûn him de folgjende dei. De beurs fan Fokko wie fuort, mar de deiopbringst fan it kafee wie der noch wol.

Wichtige spoaren

De plysje fûn wichtige spoaren.
Sa wie der in sjekje mei it DNA fan in ûnbekende man, seach in tsjûge immen rinnen troch de greide achter it kafee, fytste immen op in mountainbike yn 'e buert en waarden fuotprinten fûn fan in skoech fan it merk Nike, model Trooper Force Lite, yn maat 47 en in heal. In maat dy't net in soad minsken hawwe.
Dochs is de saak nea oplost.
Kafee De Turfsteker yn De Haule
© Peter R. de Vries Foundation
Sjoernaliste Margriet Brandsma makket de podcast mei Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân en âld-resjersjeur Henk Dillerop. Hja makken earder al de podcast Sicco, de verdwenen marechaussee oer de ferdwining fan de 36-jierrige Sicco Cuperus yn 2014.
Popke Akkerman wurket mei. Hy wennet yn de omjouwing en hâldt him al jierren mei de saak dwaande. Itselde jildt foar Niek van der Oord, dy't him as sjoernalist fan de Nieuwe Ooststellingwerver in skoft yn de saak ferdjippe.
Fan links nei rjochts: Henk Dillerop, Geartsje de Vries en Margriet Brandsma
© Omrop Fryslân
Brandsma leit út wêrom't foar de moard op Fokko Werkman as ûnderwerp keazen is.
"Eigenlijk omdat er al zoveel bekend is", seit se. "Als je je een beetje in deze zaak verdiept, verbaast het je dat die nooit is opgelost." Se wiist op de fuotprinten, it moardwapen, it DNA.
Brandsma: "Kortom... Er zijn eigenlijk zoveel aanwijzingen dat het eigenlijk heel vreemd is, dat al die aanwijzingen nooit naar de dader hebben geleid."

Eardere inisjativen

Neidat it earste ûndersyk nei de moard op Fokko neat opsmiet, makke Peter R. Vries yn 2005 in tv-programma oer de moard. It coldcaseteam fan de plysje frege yn 2023 noch omtinken foar de saak.
Jan Werkman wurke dêrnei mei oan de kampanje Case Not Closed fan de Peter R. de Vries Foundation. Yn al dy gefallen kaam der gjin dieder yn byld.
De resjerzje giet der eins fanút dat de dieder út de omkriten komt.
"De kans is heel heel groot dat het iemand is uit Haule, Haulerwijk of een van de omliggende plaatsen", tinkt ek Brandsma.
Oer it motyf is in soad ûndúdlik.
Undersyk nei de moard op Fokko Werkman yn 2003
© Omrop Fryslân
"Zijn gouden ketting is meegenomen, er is iets van vijfhonderd euro meegenomen, maar er lag veel meer geld in huis en dat was ook niet moeilijk te bemachtigen. Dat maakt het onduidelijk. Het kan een roofmoord geweest zijn en dat iemand misschien gestoord is. Of het is een dwaalspoor", fertelt Brandsma.

"Misschien is het niet de bedoeling geweest"

En der binne mear saken net echt helder. De efterdoar is iepenbrutsen mei in brekizer, mar Fokko is op de holle slein mei in parasolstôk.
"Dat vind ik een heel vreemd verhaal", seit Brandsma.
"Als je iemand wilt slaan, dan is dat breekijzer een stuk effectiever. Dus hoe kan dat nou? Het ligt meer voor de hand als je een breekijzer onder handbereik hebt en je wilt die moord plegen, dat je dat dan gebruikt."
Brandsma hat sels it idee dat dêr de ferklearring foar de moard leit.
"Misschien is het helemaal niet de bedoeling geweest die moord te plegen en is de dader om die reden heel snel vertrokken zonder de volledige buit mee te nemen."
Coldcaseteam ûndersiket moard Fokko Werkman (2023)
It coldcaseteam fan de plysje is bliid mei it inisjatyf.
Brandsma: "De podcast over Sicco heeft wel bewezen dat het echt nieuwe tips op kan leveren. Zeker als het dan wat langer geleden is, dan kan er toch een moment ontstaan waarop mensen denken... Ik ga het nu toch maar eens vertellen."
Der is ek kontakt mei Jan Werkman, de broer fan Fokko. Dy is wat weromhâldender.
"Hij vindt het heel moeilijk om dit elke keer te doen", wit Brandsma. "Maar tegelijkertijd is hij wel enthousiast over het feit dat we hiermee aan de slag gaan."

In oare wurkwize

De wurkwize is oars as mei de podcast oer Sicco Cuperus. Begjin april binne der ynformaasjegearkomsten yn De Haule en Haulerwyk. Omdat de moard noch bot libbet yn de doarpen, hoopje de makkers dêr ferhalen te hearren.
"Mensen vertellen niet altijd alles, omdat ze denken dat het niet belangrijk is", sa is de ûnderfining fan Brandsma.
"Maar heel veel van die niet-belangrijke dingen bij elkaar kunnen opeens heel belangrijk zijn. Dat is waarom we heel nadrukkelijk contact zoeken met de gemeenschappen."
Sjoernalist Margriet Brandsma
© Omrop Fryslân
Krekt omdat der al in soad bekend is, fielt de saak oplosber oan.
Brandsma: "Dat is voor ons de reden geweest om deze zaak op te pakken. Bij Sicco begonnen we helemaal op nul. Alle scenario's stonden, en staan formeel nog steeds, open."

"Vijf, zes stukjes nog"

"Bij Sicco begonnen we helemaal vanaf het begin de puzzel te leggen. Bij deze zaak heb je het idee... Vijf, zes stukjes nog en dan is de puzzel gelegd. Dat is het grote verschil."
Yn earste ynstânsje sil de podcast fjouwer ôfleverings telle.
"Daarin vertellen we wat er zo'n beetje bekend is en gaan we zelf op onderzoek uit", fertelt Brandsma. "En dan gaan we even uit de lucht om te kijken wat er loskomt. Het is in ieder geval minder gecompliceerd dan het verhaal van Sicco, dat kon echt alle kanten op."
De kâns bestiet lykwols dat in fertochte wol yn byld komt, mar dat syn skuld net te bewizen is.
"Dat is bepaald niet ondenkbaar zelfs", wit Margriet Brandsma. "Dat zien we dan wel. Het gaat er nu om dat we wat beweging krijgen in die dorpen en dat mensen bereid zijn om met ons te praten."

Earste ôfleverings

Wa't de podcast Fokko, de vermoorde kastelein hearre wol, moat noch efkes geduld hawwe. De earste ôfleverings komme mids oktober online, om de stjerdei fan Fokko Werkman hinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.