Omrop Fryslân

Driget de 'Keninginne fan de Greide' út te stjerren? Net as it oan dizze aksjegroep leit

In froulike argusflinter
© Red de Argusvlinder
Sy binne oranje, hawwe in soad stippen en wiene earder oeral op 'e greide te finen. Foar de argusflinter, ek wol 'keninginne fan de greide' neamd, hat dy status gjin fertuten dien: dizze keninginne driget nammentlik út te stjerren.
In groep frijwilligers leit him dêr net by del. Under de namme 'Red de Argusvlinder' besykje sy dat yn Fryslân foar te kommen. Fan de eardere populaasje argusflinters is noch mar twa prosint oer. In grut part dêrfan fleant yn Fryslân om.

Op syk

Mar om se te beskermjen, moatte se earst wol fûn wurde. Dat is begjin maart lykwols sa ienfâldich noch net.
Op it parkearplak by V.V. Sleat stiet in grutte groep minsken by elkoar. Sy binne allegearre ôfkaam op in oprop fan de nije aksjegroep 'Red de Argusvlinder'.
"Ik ben hartstikke blij", seit Janneke Vorst as ien fan de inisjatyfnimmers oer de opkomst. Mei frijwilligers sille sy tusken Sleat en Tsjerkgaast op syk nei de flinter.
Het rupsen zoeken is echt voor experts
Inisjatyfnimmer fan 'Red de Argusvlinder' Janneke Vorst
Der is dêrby ien grutte beheining; de argusflinter fleant pas yn maaie, en dus moatte de frijwilligers op syk nei de rûp. Dy is lyts, grien en sit yn it gers, dat fansels ek grien is.

"Vraatsporen"

"We hebben iedereen bij elkaar getrommeld om op specifieke plekken te kijken naar breedbladigere grassen met mooie vraatsporen eraan", leit ekolooch Bastiaan Schuit út. "Die vraatsporen is iedereen aan het zoeken, om vervolgens die rupsen te kunnen vinden."
Schuit is ien fan de saakkundigen dy't de syktocht begeliedt.
"Die vraatsporen lukt nog wel, maar die rups...", suchtet ien fan de frijwilligers.
De rûpen ferpriede harren yn de bermen fan in lang, smel dykje ûnder de Sleattemer Mar dêr't de flinters ferline jier noch sjoen binne.
De measte flinters sitte by de kust op diken, mar mooglik binne der noch mear plakken dêr't sy te finen binne.
"Het rupsen zoeken is echt voor de experts, maar als de argusvlinder gaat vliegen begin mei, dan willen we eigenlijk dat alle Friezen hem in ieder gevallen herkennen en ook door gaan geven", seit Vorst.

Beskerming

Vorst ferfolget: "De vogelwachters zijn bijvoorbeeld enorm veel in het veld en van weidevogels naar weidevlinders is maar een kleine stap. Als die mensen door gaan geven waar ze zitten, dan kunnen we die plekken ook gaan beschermen."
Dêrby komt it benammen oan op oars en minder meane, mar der moatte fansels ek blommen wêze.
De syktocht by Sleat wurdt ôfsletten mei de fynst fan ien rûp. De keninginne fan de greide lit har sa dochs noch sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.