Omrop Fryslân

Skûtsjeseizoen dochs net foarby foar Elzinga, IFKS-skipper hat nij skûtsje

De Vrouwe Christina
© eigen foto
Skipper Luuc Elzinga hat in nij skûtsje fûn, no't hy net mear meidwaan mei mei de Ut en Thús. It giet om de Vrouwe Christina, dat hy dit jier om neat brûke mei fan de eigener. It is de bedoeling dat er yn april al syn earste wedstriden mei it skip sylt.
Elzinga hopet nammentlik yn it wykein fan 11 en 12 april oan de start te stean yn Langwar by de jierlikse iepening fan it wettersportseizoen.

Ut en Thús

Sûnt 2023 sylde Elzinga mei de Ut en Thús yn de IFKS. Ofrûne simmer promovearre hy noch mei it skip nei de grutte A.
Nei in brief oan it bestjoer en in ûndersyk die yn febrewaris bliken dat it skûtsje neffens de Commissie Technische Zaken (CTZ) net neffens de regels ferboud wie.
De Ut en Thús yn bettere tiden
© Omrop Fryslân
It skip hie noch de 'âlde kop' en de 'âlde kont', mar it middenskip wie mei moderne techniken folslein nij makke.
De Ut en Thús mocht dêrom net mear meidwaan oan de IFKS.

Skûtsje út Zwolle

Yn de ôfrûne tiid hat Elzinga nei eigen sizzen tsientallen berjochten krigen fan minsken dy't him de helpende hân tastekke wolle. Ien fan dy berjochten kaam fan de famylje Haverhoek út Zwolle.
Sy hiene noch in skûtsje, de Vrouwe Christina, lizzen dat fyftjin jier lyn ferboud is ta wedstriidskûtsje. It is orizjineel yn 1915 boud op de werf fan Jan Oebeles van der Werff yn Bûtenstfallaat.
"Ik bin bliid mei elkenien dy't him binnen alle regels fan ús feriening ynsette wol foar it skûtsjesilen."
Jaap Jelle Feenstra, foarsitter IFKS
Elzinga mei it skûtsje dit jier 'om neat' brûke. "Dat fyn ik in ferskriklik moai gebaar", sa seit de skipper. "Benammen om't ik dizze minsken hielendal net koe."

IFKS-bestjoer

Foarsitter Jaap Jelle Feenstra fan de IFKS jout oan dat skipper Elzinga sels net útsletten is fan dielname oan wedstriden. Hy mei mei syn nije skûtsje fan it simmer dan ek 'gewoan' meidwaan yn de grutte A.
Oer de dielname fan Elzinga seit Feenstra: "Ik bin bliid mei elkenien dy't him binnen alle regels fan ús feriening ynsette wol foar it skûtsjesilen."

2027

Yn 2027 hopet Elzinga wer wedstriden te silen mei de Ut en Thús. "Wy binne fan miening dat we it skip neffens de regels fan de Omschrijving Scheepsuitrusting renovearre ha en dat it ûnterjochte útsletten is."
Luuc Elzinga
© Martin de Jong
De skipper is dan ek fan doel om nei ôfrin fan de wedstriden yn de simmer it beslút fan it bestjoer oan te fjochtsjen.
Neffens foarsitter Feenstra bestiet der yndie in arbitraazje-proseduere binnen de IFKS. It bestjoer stelt dan 3 leden oan dy't, lykas yn in heger berop, nochris nei alle feiten fan de saak sjogge.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.