Omrop Fryslân

Dief dy't fan teäterselskip stiel oanhâlden troch 'Sykje myn iPhone' app en krijt 8 moanne sel

Smartphone
© Shutterstock.com
In 42-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân is feroardiele ta acht moanne sel fanwegen ûnder oaren in ynbraak yn it gebou fan Tryater. Ut it pân fan it Fryske teaterselskip hie hy Ipads, Iphones en laptops stellen. Dat barde yn novimber ferline jier.
It wie net syn iennige ynbraak. Yn dyselde moanne stiel hy noch in boatsje yn Burdaard en in jier earder bruts er yn by in filiaal fan in boumerk yn Ljouwert. Foar de stellerij yn Burdaard krijt er nochris seis wiken selstraf.
De plysje kaam de dief nei de ynbraak by Tryater op it spoar troch de 'Sykje myn iPhone' app, doe't besocht waard om in account te wizigjen. It spoar late nei de wenning fan in 49-jierrige man út Ljouwert. Njonken de bewenner, ferbleaune trije oare manlju yn de wenning fan de 49-jierrige Ljouwerter op it momint dat de plysje foar de doar stie.
De bewenner, dy't yntusken ferhuze is, sei dat de oare manlju midden yn de nacht mei de hannen fol guod by him oanbellen. Hy waard nei syn sizzen oerrompele troch it trijetal.
De bewenner waard frijsprutsen, mar de oare trije mannen wiene neffens de rjochter allegear belutsen by de ynbraak. Fan de 42-jierrige wie in skuonspoar en in bloedspoar oantroffen yn it pân fan Tryater.
De twa oare manlju koene noch net foar komme, omdat harren advokaat siik wie.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.