Britske Fries Ellia Smeding wol mei Olympyske optreden bern ynspirearje
Ellia Smeding groeide foar in grut part fan har libben op yn Harns, mar rydt foar Ingelân op de OIympyske Spelen. De reedrydster komt freed yn aksje op de 1.500 meter en hopet jongerein te ynspirearjen.
"Deze Spelen zijn een hele andere ervaring dan de eerste keer dat ik meedeed", laket Smeding wylst sy de haadyngong fan it olympysk doarp útrint. "Maar dit is echt zoveel beter."
De 27-jierrige Harnzer doelt op it feit dat it drok is foar de yngong. Op de foarige Spelen yn Beijing wie it troch corona rêstich en brocht Smeding in soad tiid allinnich troch. No is dat wol oars.
Foar de stekken stean tsientallen supporters te wachtsjen om in glimk fan de sporters op te fangen. In frou yn in trainingspak fan Ingelân stapt op Smeding ôf en makket in praatsje.
Smeding leit út dat sy reedrider is en op de 500, 1.000 en 1.500 meter yn aksje komt. Utlizze oan lângenoaten wat sy krekt op de Spelen docht is foar de Britske Fries de gewoanste saak fan de wrâld.
Want wêr't yn Nederlân de reedriders in ferneamde status genietsje, is dat yn Ingelân oars. It reedriden is in lytse sport oan de oare kant fan it kanaal.
"Om dat te begrijpen moet je echt teruggaan in de geschiedenis", seit sy. "Toen de winters vorige eeuw minder streng werden heeft Nederland kunstschaatsbanen gemaakt en Engeland niet. Dan houdt het op een gegeven moment op en groeit de sport niet door."
Smeding praat fol passy oer har sport, dêr't sy de nedige skiednisboeken dus foar iepenslein hat. Sy is al jierren op in misje en de Olympyske Spelen yn Milaan binne dêr in ûnderdiel fan. It riden grut meitsje yn Ingelân, dat is it doel.
"Ergens heb ik de droom dat er ooit een schaatshal komt in Engeland. Dat zou fantastisch zijn, al weet ik ook dat de kans klein is."
Ellia Smeding sjocht op 16 maart 1998 it libbensljocht yn Aylesbury. As dochter fan in Nederlânske heit (mei roots yn Harns en omkriten) en in Britske mem groeit sy oant en mei har achtste libbensjier op yn Ingelân.
"Toen besloten mijn ouders om een korte tijd naar Nederland te verhuizen, want we spraken geen Nederlands of Fries. De hele familie van mijn vaders kant is Fries en mijn ouders wilden graag dat we dat meekregen."
Plannen rinne oars
De famylje makket de oerstek nei Nederlân en strykt del yn Harns. It soe in tydlike ferhuzing fan trije moannen wêze. Dochs rinne dy plannen hiel oars.
Het is soms best eenzaam om alleen te trainen elke dag.
"Drie maanden werden een half jaar en een half jaar werd een jaar. Uiteindelijk besloten ze om permanent in Harlingen te blijven. Dus ik ben deels in Engeland en Nederland opgegroeid."
It úteinlike plan om Smeding wat fan har Fryske woartels mei te jaan is slagge, sa docht bliken út in antwurd op de fraach watfoar nasjonaliteit sy har fielt.
"Het is een beetje van alles en ik voel me echt nog wel Fries. Het is een deel van mijn opvoeding geweest."
Op jonge leeftiid komt Smeding yn kontakt mei it reedriden. Yn de simmer stiet sy op de skeelerbaan en yn de winter bynt sy by de Ferwerter iisklup de redens ûnder.
"Ik was nooit heel erg getalenteerd moet ik zeggen, maar ik vond het gewoon heel leuk. Ik heb ook nooit echt voor Nederland geschaatst, want dat was een hoog niveau."
Dochs makket sy wol in ynternasjonaal debút op de wrâldbekers foar jongerein. Dat komt nei in telefoantsje fan it Ingelske reedrydbûn.
Dy sjogge potinsje en wolle dat Smeding foar Ingelân útkomt yn ynternasjonale wedstriden. Se groeit troch ta de wrâldbekers by de senioaren en makket yn 2022 har debút op de Spelen yn Beijing.
Dat is in histoarysk momint, want Smeding is de earste Britske frou yn 40 jier tiid dy't by it langebaanriden yn aksje komt. It toant dat it Ingelske reedriden fan fier komme moat.
"Het is soms best eenzaam om alleen te trainen elke dag, maar ik vind het gewoon leuk om de sport op de kaart te zetten. Ik merk ook dat de Engelsen het steeds aandachtiger beginnen te volgen."
Bern oan it riden krije
Ferline jier ferhuze Smeding nei Kanada om dêr te trainen en mear stappen te setten yn har wei nei de wrâldtop. It bringt har foar de twadde kear op de Spelen yn Milaan.
De Ingelsen kinne freed wer foar de telefyzje, as Smeding start yn de twadde rit op de 1.500 meter. Oer medaljekânsen wol sy net te folle prate, want dat is fan ûnderskikt belang, seit sy. It earste doel is sjen litte dat ride op de Spelen mooglik is foar Ingelske sporters.
"Ik hoop jonge kinderen aan te moedigen om te gaan schaatsen. Het mag kunstschaatsen, shorttrack of langebaan zijn. Als ze maar weten dat dit een prachtige sport is. Daarmee wil ik de jeugd inspireren."