Omrop Fryslân

Skûtsje Ut en Thús mei net mear meidwaan yn IFKS en ikoanyske Achmeatoer wurdt ferkocht

De 5 fan de wike
© Omrop Fryslân
It skûtsje Ut en Thús mei net mear meifarre yn de IFKS en de Achmeatoer yn Ljouwert wurdt ferkocht.
It binne in pear opfallende ferhalen dy't we dizze wike publisearre ha. Hjir fynst fiif fan dizze ferhalen, foar elkenien dy't wat mist hat of nochris rêstich weromlêze wol.
Dit is ús seleksje fan dizze wike:

Op syk nei Femke Kok fine ús mannen yn Milaan kening Willem-Alexander

It olympysk doarp is folslein ôfsletten en dus net te berikken foar in medium sûnder akkreditaasje.
Dochs besykje ús mannen yn Milaan om Fryske sporters te finen en sa komme sy yn kontakt mei kening Willem Alexander.

Skûtsje Ut en Thús mei net mear meidwaan yn de IFKS

It skûtsje Ut en Thús mei net mear meifarre yn de IFKS. Dat hat it bestjoer fan de IFKS bekend makke.
Ut in ynspeksje yn opdracht fan it bestjoer die bliken dat it skûtsje net neffens de regels ferboud is.

Wêrom't we oant sa let yn de kroech stean

"Wêrom geane we eins sa let op stap?" Dy fraach stiet sintraal yn in nije fideo fan Omrop Fryslân Foarút.
Utgean is fan alle tiden, mar de wize wêrop, is bot feroare.

Ikoanyske Achmeatoer wurdt ferkocht

De Achmeatoer yn Ljouwert wurdt ferkocht. De markante blauwe toer fan hast 115 meter heech - it heechste gebou fan de stêd - kriget dêrmei in nije eigener.
Ein dit jier nimt Harns Invest it eigendom offisjeel oer fan Achmea.

Seldsume leafdesring fûn by Dokkum

Museum Dokkum hat in seldsume gouden ring oan de kolleksje taheakke.
De saneamde 'posie' ring komt út de sechstjinde iuw en is fûn boppe Dokkum.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.