Nij boek fertelt ferhaal fan Bontebok yn de oarloch: "Ze konden daar zwijgen als het graf"
"Hoe gevaarlijk het ook was om je nek uit te steken voor je medemens, je deed het", skriuwt sjoernalist Jaap Visser yn syn nije boek Bontebok.
"Niet om de held uit te hangen, maar omdat het moest. Punt uit." In ferhaal oer in eigensinnich doarp yn oarlochstiid, Abe Lenstra én de famyljeskiednis fan de skriuwer.
Bontebok. Onderduik en verzet in het land van Abe Lenstra is de folsleine titel fan it boek, dat tiisdei útbrocht is.
Visser kaam it ferhaal op it spoar doe't er foar Het Parool in lang stik skreau oer de fuotballerkers dy't yn de hongerwinter op útnûging fan it bestjoer fan sc Hearrenfean nei Fryslân kamen.
Humanitêre operaasje
"Het bestuur van Heerenveen had goede contacten, omdat de club toen tot de landelijke top behoorde", wit Visser. "In Amsterdam ging het helemaal mis omdat er een hongersnood dreigde."
De fjouwer grutte Amsterdamske klups Ajax, DWS, Blauw Wit en Volewijckers mochten allegear mear as tweintich jonkjes rjochting Fryslân stjoere en dan soe Hearrenfean soargje dat dy foar de rest fan de besetting ûnderdak krije soene.
Visser: "Dat was natuurlijk een fantastische humanitaire operatie van het bestuur van Heerenveen."
Hearrenfean wie fansels de klup fan Abe Lenstra.
"Die Amsterdamse jongetjes werden ook getraind door Abe", fertelt Visser. "En Abe nam zelf ook twee jongetjes in huis. Dat waren Jan en Arie de Wit."
Hy naam se ek mei te aaisykjen, te fierljeppen en hy fuotballe dus mei se. Ek waarden der wedstriden spile tusken de Amsterdammers en de Friezen.
Schoterlandse Jordaan
Fraach is fansels hoe't Bontebok yn dit ferhaal past. Visser: "Ik kwam erachter dat spelers van Heerenveen, als ze even moesten onderduiken, dat vaak in Bontebok deden."
Sa ûnduts Visser ek dat der yn Bontebok, by de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, in soad Joaden ûnderdûkt sieten. It oantal ûnderdûkers yn Bontebok lei safier boppe it lanlik gemiddelde dat it gebiet de namme Schoterlandse Jordaan krige.
"Er waren in Bontebok op een bepaald moment meer Joden dan huishoudens", wit Visser.
Vis en De Jong
Twa manlju yn it ferset spilen dêrby in sintrale rol: Roel Vis en Hendrik Marcus de Jong.
De tsjinstelling tusken de manlju wie grut. Roel Vis wie 17 jier, mar seach der jonger út. Hendrik Marcus de Jong wie 54 jier. Vis wie hiel leauwich, De Jong oertsjûge kommunist. It stie harren freonskip net yn de wei.
De Jong krige it fersyk om twa ûnderdûkers ûnder te bringen, mar dat waarden der fjouwer en letter noch folle mear. Omdat Vis der noch jonger útseach, wie de gedachte dat hy de meast geskikte persoan wie om ûnderdûkers mei de trein, de Lemmerboot en somtiden de fyts nei Fryslân te heljen.
Hy naam se earst mei nei hûs en brocht se letter ûnder yn de omkriten. Op in bepaald stuit leine der wol fyftjin ûnderdûkers op souder.
Ze konden daar zwijgen als het graf.
Doe't er foar it earst nei Bontebok ried, hearde Visser Geert Wilders op de radio, dy't tasei dat sinne wer skine soe yn Nederlân.
"Ik kwam aan in Bontebok en die mensen zeiden meteen: de ideeën van Geert Wilders en de polarisatie die hij creëert, zijn het verraad van de helden van Bontebok", fertelt Visser. "Dat dorp is eigenlijk nog steeds eigenzinnig en sociaal voelend, zoals het dorp dat ook was in de Tweede Wereldoorlog."
Der is nea in ûnderdûker ferret, hoewol't immen dêr yn dy tiid sân en in heale gûne 'kopjild' foar krije koe, in flink bedrach yn dy tiid. "Ze konden daar zwijgen als het graf", seit Visser.
Famyljeskiednis
Troch it skriuwen learde hy ek mear oer syn eigen famyljeskiednis, want de foarâlden fan Visser komme út Fryslân.
"Door mijn onderzoek heb ik vooral mijn vader beter leren kennen", fertelt Visser. "Van neven en nichten heb ik heel veel dagboekdingen en aantekeningen gekregen, waardoor ik een veel beter inzicht in die kant van de familie kreeg."
"Ik kwam erachter dat mijn vader het veel zwaarder heeft gehad en meer getroffen is door leed en onrecht dan ik voor mogelijk hield."
Dêr praten syn heit en mem net oer nei de oarloch. Eins waarden allinne de spannende, leuke en gesellige saken út dy perioade bepraat, lykas de lansearring fan V2-raketten út de Rysterbosk wei. Dat koene sy fan harren pleats yn Warns ôf sjen.
"Dat soort spektakelverhalen vertelden ze dan", heucht Visser him. "Maar over ongelooflijk diepe gevoelens van angst, daar werd nooit over gesproken."
Syn jongere suster sei faak dat heit faak emosjoneel ôfwêzich wie.
Visser: "Van daaruit kon hij plotseling uit zijn slof schieten met een driftaanval. Dat was moeilijk te verklaren voor mij als kind. Nu zie ik wel in waar dat vandaankwam."
Underdûker yn Bontebok
Ien fan de ûnderdûkers yn Bontebok wie Ben Troostwijk fan Ljouwert, berne yn 1927. Hy wie trettjin jier doe't de oarloch yn Nederlân útbruts en ferskynde yn 2025 noch yn in reportaazje fan EenVandaag tegearre mei Klaas de Jong, de pakesizzer fan Hendrik Marcus de Jong.
"Hendrik Marcus de Jong heeft alles voor mij betekend", seit Troostwijk yn dy reportaazje. "Ik was er niet meer geweest als hij mij niet had gered."
Syn heit en syn suster wiene earder yn de oarloch al yn Auschwitz fergast. Hy doek ûnder by Hendrik Marcus de Jong en sliepte yn in kûle op it lân, dêr't oars jirappels opslein wurde.
"Ik was gewapend, ik had een Colt .38", fertelt Troostwijk. "Het waren vaak oudere mensen die er ook sliepen. Ik was de jongste en zodoende moest ik dus die zaak bewaken."
Befrijing
Fryslân wurdt yn april 1945 befrijd.
Dêroer fielt Troostwijk wol bliidskip. "Maar verder hebben we veel verdriet. Vooral op 4 mei. Vader weg, zuster weg, moeder weg. Noem maar op. We moeten elkaar steunen, de handen ineenslaan. We moeten ervoor vechten dat dit nooit meer zal gebeuren."
Jaap Visser slút him dêrby oan: "Ik heb er ook een actuele draai aan willen geven, omdat ik vind dat in deze tijd van verruwing en polarisatie het begrip mienskip zwaar onder druk is komen te staan."
"Hét oorlogsboek over en voor Friesland"
In klassyk oarlochsboek is it net wurden, mar wat is it wol?
Visser: "Ik heb er zelf geen duidelijke typering voor, maar Ad van Liempt zei tegen mij dat dit hét oorlogsboek over en voor Friesland is."