In ramp of kalamiteit? Wat moatte je foaral nét dwaan?
In soad minsken hawwe gjin idee wat ferstannich is as him in kalamiteit foardocht. Dat kin hiel ferfelende en skealike gefolgen hawwe, seit it Nederlands Instituut Publieke Veiligheid.
Sy witte presys wat wol en net ferstannich is yn sa'n situaasje.
Marije Bakker is senior ûndersiker-adviseur Krisisbehearsking by it NIPV. "Veel Nederlanders zijn nuchter en denken dat het wel mee zal vallen."
Wat je nét dwaan moatte, hinget fan de situaasje ôf, fynt sy.
"Ik denk in het algemeen dat het zeker bij grootschalige incidenten niet verstandig is om af te wachten tot de overheid alles voor je oplost", seit Bakker.
"Kijk goed naar wat je zelf kunt doen. Als je in staat bent om jezelf in veiligheid te brengen, doe dat dan vooral en wacht niet tot de overheid komt aankloppen."
Yn prinsipe giet de oerheid út fan dat wy ússels de earste 72 oeren sels rêde kinne.
"Wacht dus niet passief af en zorg dat je de middelen in huis hebt om jezelf te kunnen redden."
Netfluesfersmoarging
Somtiden ûntkomme je der net oan en wurde je ynienen konfrontearre mei bygelyks in ûngelok.
Foar in soad oare gefallen jildt: gean der net op ôf. By in grutte brân komt altyd in soad reek frij.
"Daar zitten roetdeeltjes en giftige gassen in", wit Bakker. "Het is dus nooit verstandig om in die rook te gaan staan."
Dochs hawwe guon minsken oanstriid om nei bygelyks it plak fan in ûngelok te gean.
"Dan krijg je ook te maken met beelden die je ziet en die wil je niet altijd zien als er sprake is van gewonden of zelfs doden", warskôget Bakker. "Dat noemen we in ons werkveld ook wel netvliesvervuiling."
Soks kin ynfloed hawwe op de mentale sûnens.
Mensen zijn nieuwsgierig en zich niet altijd bewust van risico's.
Sels by in NL-Alert dat minsken advisearret om nei binnen te gean, ruten en doarren te sluten en de fentilaasje út te setten, dogge minsken faak it tsjinoerstelde.
Sy geane nei bûten om te sjen wat der oan de hân is.
"Ja, mensen zijn toch nieuwsgierig van nature en zijn zich niet altijd bewust van de risico's", wit Bakker.
"Bovendien zijn veel Nederlanders ook wel nuchter en denken ze dat het wel mee zal vallen."
Win in needradio
Mei yngong fan dit jier jouwe wy alle moannen op de earste moandei fan de moanne omtinken oan de fraach 'Wat te dwaan yn needsituaasjes?'.
Dat dogge wy troch op dy moandei in needradio fuort te jaan op de radio, mar ek mei in rige nijsgjirrige artikels op ús webside en radio-items oer fragen as: 'Wat as ik 72 oeren sûnder wetter kom te sitten?'
Marije Bakker sjocht ek nei foarbylden út it ferline.
"We hebben in ons land helaas regelmatig zoekacties gehad naar vermiste personen, waarbij allerlei mensen aanboden om te helpen zoeken. Soms namen ze zelfs de kinderen mee", seit sy.
"Natuurlijk is dat vanuit je drive om iemand te vinden verstandig en goed, maar mensen realiseren zich niet dat ze ook daadwerkelijk een lijk kunnen aantreffen. De intenties zijn bij calamiteiten vaak wel goed, maar er is niet altijd inzicht in de mogelijke gevolgen."
MSC Zoe
Ek yn Fryslân seach Bakker it alris mis gean. Dat wie mei de ramp mei it skip MSC Zoe. Dat skip ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 hast 300 konteners mei lading boppe de Waadeilannen.
De kust op meardere eilannen waard oerspield mei de ynhâld fan de kontainers.
Dêr sieten autoûnderdielen yn, mar der wiene ek twa konteners mei gefaarlike stoffen oerboard slein: ien mei perokside en ien mei litium-ion batterijen.
Mensen vergaten dat het geen dagje naar het pretpark was.
It wie winter, it wie kâld en der stie in hurde wyn. "Daar kwam een grote groep vrijwilligers op af", wit Bakker noch.
"Maar mensen vergaten dat het geen dagje naar het pretpark was en dat ze te maken hadden met die weersomstandigheden. Daar waren ze vaak totaal niet op voorbereid en ze moesten soms hele afstanden lopen."
Guon Veiligheidsregio's, net dy yn it noarden trouwens, beskikke oer in Risk Factory.
Dêryn wurde foaral mei bern en âlderein needsenario's neispile, sadat se witte hoe't se hannelje moatte en net yn panyk reitsje of befrieze.
"Dat bevriezen zie je vooral in situaties waarbij emoties heel heftig worden", wit Bakker. "Door te oefenen kun je dat in veel gevallen voorkomen."
Oerheid kin it net allinnich
Bakker sjocht ek dat minsken en bedriuwen harren hieltyd mear bewust binne fan de risiko's om harren hinne.
"Met de inzet op een weerbare samenleving die meer dan een jaar geleden is begonnen, worden daar wel stappen in gezet en zijn we ons er ook wel meer bewust van dat de overheid het niet alleen kan en dat wij ook zelf ons steentje kunnen bijdragen. Maar we zijn er nog niet."
Dat hat foar in part te krijen mei it feit dat Nederlân in goed organisearre lân is.
De elektrisiteit falt hast noait foar langere tiid út en der komt eins altyd wetter út de kraan.
Marije Bakker: "In die zin zijn we wel enigszins verwend en goed voorbereid op die kortdurende acute crises. Gaat het echter over langdurige crises, dan wordt het al snel complexer. Juist omdat we zo goed zijn ingericht. We hebben geen vet op de botten wat dat betreft. Dan wordt het improviseren."
Wat is en docht it NIPV?
Het Nederlands Instituut Publieke Veiligheid (NIPV) is in kennisynstitút foar krisisbehearsking en brânwachtsoarch.
It NIPV docht ûndersyk, jout ynformaasje, jout opliedings en stipet op dy wize de Veiligheidsregio's, it Ryk en oare krisispartners.
"De oorlog in Oost-Europa heeft het gevoel van urgentie wel verhoogd", wit Bakker.
"Wij hoeven niet in oorlog te zijn om bij een oorlog betrokken te raken. Mede door de campagne Denk Vooruit gaan mensen meer nadenken en bereiden ze zich meer voor."
De fraach of de kâns op in grutte ramp of kalamiteit grutter is as tsien of fyftjin jier lyn fynt Marije Bakker lestich te beäntwurdzjen.
"We zien wel dat sommige risico's groter worden", seit Bakker.
"Door klimaatverandering is de kans groter, dat we vaker te krijgen met extreem weer, extreme wateroverlast. Het stroomnetwerk is overvol en gevoeliger voor overbelasting dan een aantal jaren geleden."