Fryske meiwurkers oan Soldaat van Oranje: "Nuvere gedachte dat it ophâldt"
Nei hast sechstjin jier komt der in ein oan de langstrinnende musical fan ús lân: Soldaat van Oranje hâldt dermei op. Jan van Olffen, oarspronklik fan Ljouwert, makket as bassist en orkestmanager diel út fan de groep muzikanten fan de musical: "Die falt no út elkoar, dat is in hiel nuvere gedachte."
Op 12 july is de lêste foarstelling. Soldaat van Oranje is dan sa'n 4.000 kear opfierd en dat is in rekôr foar in Nederlânske musical.
Van Olffen hearde it nijs op de moarn dat it ek fia de produsint nei bûten kaam.
"Dat kaam wol efkes binnen", seit Van Olffen. "Nei sechstjin jier haw ik de de twiveleftige eare dat ik de persoan bin dy't de measte foarstellings dien hat. Sa'n 3.300 moat ik der dien hawwe. It is in ûnderdiel fan myn libben wurden."
Der is al faker sein of suggerearre dat de musical ophâlde soe.
Van Olffen: "Der is noait sein dat wy ophâlde soenen, it is altyd ferlinge. Dat is ek it punt fansels. Ik bin der troch de jierren hinne wol faker oer oansprutsen, mar it is altyd ferlinge. Der is noait sein dat we ophâlden."
Is de muzikant benaud dat er yn in djip, swart gat falt?
"Ik haw noch wat oare dingen. Ik spylje bygelyks takom wike yn De Harmonie mei Foxtrot", seit Van Olffen. "Ik bin zzp'er, dus ik doch meardere dingen tagelyk. Dochs hat Soldaat van Oranje de lêste sechstjin jier wol it wichtichste part fan myn karriêre west."
Ik kin de musical dreame. Fan foar nei achter en fan links nei rjochts.
De musical kin er nei mear as 3.000 kear wol dreame. "Fan foar nei achter en fan links nei rjochts", laket Van Olffen.
"It is wurk, mar it is ek leuk om te dwaan. It falt en it stiet mei de minsken om dy hinne. Wat dit ek unyk makket foar Nederlân is dat wy noait fersloppe binne. Der is altyd de hurde kearn fan minsken dy't der alle jûnen noch fol foar giet. En dêr bin ik ien fan."
It is dan ek in grutte, hechte groep muzikanten.
Van Olffen: "Wy binne mei 46 yn totaal. Dat is in pûltsje, want wy sitte mei syn tsienen yn de orkestbak. En dy orkestbak is mei dy 46 fjouwer of fiif kear beset."
De musical
Soldaat van Oranje - De Musical is basearre op it ferhaal fan ien fan de grutste fersetsstriders ûnder de Dútske besetting fan Nederlân: Erik Hazelhoff Roelfzema.
Hy ûntsnapt oan it begjin fan de oarloch nei Ingelân, smokkelet útstjoerapparatuer nei Nederlân en is as piloat belutsen by bombardeminten op Dútslân. Hy wurdt adjudant fan keninginne Wilhelmina en krijt foar syn fersetswurk al yn de oarloch de Militaire Willemsorde.
Soldaat van Oranje - De Musical gie op 30 oktober 2010 yn premjêre. It is de langstrinnende foarstelling út de Nederlânske teäterskiednis en hat, as de musical ophâldt, sa'n fjouwer miljoen besikers hân. Ek dat is in rekôr.
Regisseur en akteur Geert Lageveen waard yn 1961 berne yn Drachten. Hy wie in soad te sjen yn Nederlânske tv-searjes en films, mar ek yn de Frysktalige soap Dankert en Dankert fan Omrop Fryslân.
Yn Soldaat van Oranje spilet hy sa'n twa kear yn de wike Van 't Sant, ien fan de fertrouwelingen fan keninginne Wilhelmina.
Hy rekke nei de simmer fan 2025 belutsen by de musical.
Ein komt earder as tocht
"De hjoeddeiske direkteur Mark de Kruijk, dy komt ek út Drachten, socht nei de simmer kontakt mei my", seit Lageveen. "Dy woe in kear kofjedrinke en dêrnei sei er dat ik meidwaan koe as ik ja sei."
Lageveen sei ja: "It wie ek wol in hiel moaie kâns om in kear dit hiele sirkus, dizze hiele grutte teätermasine fan binnenút mei te meitsjen. Ik bin bliid dat ik der diel fan útmeitsje."
Mark de Kruijk belle him om te fertellen dat it ophâldt. Tsien minuten letter krige er al in lawine oan berjochten.
Lageveen: "It moat in kear ophâlde. Dat dit net foar de ivichheid wie, dat wist ik wol. It komt wol wat earder as ik tocht hie."
"It is in fenomeen. It is in moaie foarstelling en leuk om te dwaan", fynt Lageveen. "Ik fyn it ek wol wer histoarysk om by de lêste produksje te wêzen."
Myn earste kear stie ik hieltyd yn ’t paad. Minsken rûnen my omfier.
De cast is neffens de akteur in goedrinnende masine.
"It is hast net te beskriuwen. Achter binne it allegear akteurs dy't hinne en wer drave. Eltsenien hat syn taak. Bist de hiele tiid dwaande. It is in soart ferkearssituaasje achter de skermen", fertelt Lageveen.
"Myn earste kear stie ik hieltyd yn 't paad. Minsken rûnen my omfier. Op guon plakken koe ik net stean, want dan draafden der wer minsken foarby. It is in fassinearjend spektakel om it ek fan achteren te sjen. Hiel kompleks en geweldich betocht ea."
De oarloch begjint wer
Wat is it grutte geheim fan dizze musical? Der binne mear moaie foarstellings, mar dy wurde net 4.000 kear opfierd oer in perioade fan sechstjin jier.
"It is foaral it sterke gefoel fan wat dy oarloch mei him meibringt", tinkt Lageveen. It giet yn dit gefal dan foaral oer de kar dy't jonge persoanen meitsje moatte: wol of net meidwaan oan it ferset?
It splyt úteinlik in freonegroep, omdat guon it wol dogge en guon net.
"De Twadde Wrâldoarloch is noch hieltyd bepalend foar ús lân, dat hâldt mar net op", sjocht Lageveen. "Hjoed noch lies ik yn de krante oer medaljes dy't postúm oan fersetsstriders takend wurde."
Soldaat van Oranje bringt dy oarloch wer tichterby.
Lageveen: "Bist der efkes by. It is wer efkes oarloch. De oarloch begjint wer. Je sjogge de martelings, je sjogge it lijen, je sjogge de dieden, je sjogge de spanning. En ek de humor, soms."
Wat ferwachtet Jan van Olffen noch fan it lêste heal jier Soldaat van Oranje?
"Dat wurdt hiel raar, hiel apart. Ik kin my der noch net in foarstelling fan meitsje", seit Van Olffen. "Yn sa'n skoft is der safolle bard mei kollega's en mei guon binne je freonen wurden yn de rin fan de tiid. It is in hiel hechte groep. Dy falt no útinoar, dat is in hiel nuvere gedachte."
Sechstich minsken it wetter yn
"Melangoly fiel ik no noch net, dat sil noch wol komme, mar dat kinst ek net folhâlde", tinkt Geert Lageveen. "Dat sil oan de ein wol sa wêze, mar wy moatte no earst gewoan oan it wurk."
Der is in tradysje dat in akteur dy't ôfskied nimt in feest krijt en dêrnei yn it wetter smiten wurdt, de see yn.
"No moat aanst eltsenien it wetter yn", laket Lageveen. "Sechstich minsken moatte allegear it wetter yn. Dat wurdt noch wol in hiel spektakel."