Gekkehûs by lêste fjoerwurkferkeap: "Minsken nimme wat ekstra mei, alfêst foar takom jier"
Potten, grûnblommen en fonteintsjes fleane dizze dagen wer oer de toanbank by fjoerwurkferkeapers. Nei alle gedachten kinne fjoerwurkleafhawwers noch ien kear harren gelok op. En dat liedt ta in gekkehûs.
It ferkeappunt yn Marrum is moandeitemoarn noch mar in pear oerkes iepen of de winkel stiet al fol. De ien keapet in lyts taske mei fjoerwurk, de oar giet mei in pallet nei hûs.
It is dizze dagen alle hens oan dek foar de ferkeapers.
Dat wit ek eigener Ronald Kuipers fan Vuurwerk Marrum. Hy ferwachtet dat it sa'n 40 persint drokker wêze sil as oare jierren.
"Minsken wolle wol echt wat fjoerwurk ha. Fernimst it ferskil wol deeglik."
"Mar", seit er, "we witte noch net seker oft dit it lêste jier is. We hoopje eins dat we takom jier ek noch fjoerwurk ferkeapje kinne."
Minsken binne hielendal gek. Mar ik jou se grut gelyk.
Ek yn Dokkum sjogge se dat der mear fjoerwurk de doar útfljocht. "It is seker drokker as oare jierren", fertelt Patrick Loomstra fan Vuurwerktotaal Dokkum.
"Se keapje ek seker folle mear. Minsken binne hielendal gek. Mar ik jou se grut gelyk."
Kuipers seach de drokte oankommen, dus hat er ekstra fjoerwurk ynkocht. Dêrby fernaam er dat by in soad ymporteurs dingen al útferkocht binne.
"Poer en allinnich omdat der mear besteld wurdt as oare jierren", mient er.
"Ik hear ek fan minsken dat se wat ekstra fjoerwurk nimme, sadat se foar takom jier ek hawwe."
Ekstra spitich foar Kuipers is dat er ferline jier in nije bunker bouwe litten hat. Mocht it ferbod der komme, moat dy ôfbrutsen wurde. "Dêr hat it kabinet noch gjin oplossing foar. Se sjogge it as bysaak foar winkellju. Dat is it foar ús net."
De omset fan dizze dagen is 20 prosint fan syn jieromset. "We ha de bunker boud, omdat der de kommende tsien jier neat feroarje soe. We doarden it dêrom wol oan."
In ferbod sjocht Kuipers lykwols net sitten. "Dan wurdt it in gaos yn Nederlân", tinkt er.
"Minsken wolle fjoerwurk ha en dan wurdt it yllegaal. En minsken geane sawysa nei België of Dútslân."
Neffens him liedt dy yllegale hannel ta hiele gefaarlike situaasjes. "Kinst it oeral bestelle. It leit op souderkeammerkes ûnder de bêden."
"We sizze ek: we ha aanst twa miljoen fjoerwurkopslaggen yn Nederlân, want it leit by de minsken thús."
Alles ferkeapje
Mei it each op dat ferbod is it dus saak om al it fjoerwurk foar de jierwiksel te ferkeapjen. Mar dat is net realistysk.
"Der sil altyd wat oerbliuwe. It is noch ûndúdlik wat dêrmei bart. Guon produkten kinne wol wer werom nei de ymporteurs, mar guon artikels net. We witte net wat we dêrmei moatte."