Wannear bist in Fries? En hoe wichtich is de taal dêrby?
Wannear bist in Fries? En kinst dat ek sûnder de taal te sprekken? Dy fraach waard wer aktueel doe't presintatrise Sylvana IJsselmuiden yn novimber de Fedde Schurerlêzing yn it Hollânsk hold.
Sy waard dêr troch guon minsken skerp op oansprutsen en dêr wie se suver troch oandien.
IJsselmuiden hearde net by de groep dêr't se har sa thús by fielt. Alteast, sa waard it har sein.
De Fryske identiteit
Nei in ynstjoerd stik fan har yn de Ljouwerter Krante oer dizze ûnderfining, reinde it reaksjes.
Allegear oer de Fryske identiteit, de rol fan de Fryske taal dêrby en hoe't wy as Friezen mei-inoar omgean.
Foar Omrop Fryslân gie Buro de Vries-presintator René Koster de provinsje troch om mei fyftjin minsken te praten oer taal, identiteit, Frysk prate en Fries wêze.
Ien fan de minsken mei wa't Koster prate, is kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Op de fraach oft hy in Fries is, antwurdet er fuortdaliks en sûnder twivel: "Ja!"
Brok is berne bûten de provinsje, mar kaam nei Fryslân ta foar de stúdzje. Hy is hjir hingjen bleaun en polityk en bestjoerlik aktyf wurden.
Frysk prate yn Dordrecht
Doe't er letter yn Dordrecht boargemaster waard, fernaam er hoe bot er dochs noch mei Fryslân ferbûn wie.
Sa fertelt er dat er dêr Frysk prate op besite by pearen dy't 60 jier troud wiene en Fryske woartels hiene.
It foel syn meiwurkers op dat er yn it Frysk mei mear entûsjasme prate as yn it Hollânsk. It spile mei doe't Brok it beslút naam dochs wer werom te kommen nei Fryslân.
De taal is net in betingst om dy in Fries te fielen.
Neffens Brok is it net oan him om te bepalen wannear't immen him in Fries neame mei, omdat it ek om in gefoel giet.
"De taal is wol in drager fan kultuer en identiteit en dêrom fan grut belang, mar in absolute betingst? Nee."
Brok hat wol it gefoel dat er as oprjochte Fries opnommen is yn de Fryske mienskip.
Sterker noch, hy giet - ek yn it brûken fan geef Frysk - faak fierder as oaren. "Bekearlingen binne wol faker wat rjochter yn de lear", laket er.
"Mar dêr't it de Fryske taal oanbelanget fiel ik my wol in echte ambassadeur. En net omdat it moat, mar omdat ik it sa fiel."
Harkje nei de special 'Wannear bist in Fries?'
Bekende en minder bekende Friezen fertelle hoe't sy tinke oer de Fryske identiteit en de rol dy't taal dêryn spilet. Dat is ek te hearren yn ús programma Buro de Vries op snein 4 jannewaris, fan 11.00 oant 12.00 oere.
It petear wurdt ek as podcast publisearre.
Yn de syktocht nei echte Friezen en de rol dy't de taal dêrby spilet, komme ek de mieningen fan de Fryske Beweging, de Fryske Akademy, de Afûk, de FNP en deputearre Eke Folkerts, dy't it Frysk bestjoerlik yn har portefúlje hat, nei foaren.
Fierder oan it wurd: histoarikus Erik Betten, Cambuurtrainer Henk de Jong, skriuwster en antropologe Anne-Goaitske Breteler, Omrop-haadredakteur Ingrid Spijkers, âld-Keamerlid Romke de Jong, boargemaster Avine Fokkens, sjongeres Anneke Douma, 'Suri-Fries' Joy Kisoenpersad en fansels Sylvana IJsselmuiden.