Omrop Fryslân

Râneprogramma by Anwar en de wolf tige populêr: Tryater yn de krystfakânsje folop ynternasjonaal

Muzyk fan de Iraanske sjongeres Arezoo en Amarins Woltring
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By Tryater yn Ljouwert is it yn de krystfakânsje drok. Net allinnich yn de seal, mar benammen ek dêromhinne.
By de famyljefoarstelling Anwar en de wolf is in wiidweidich râneprogramma opset, dat sa yn de smaak falt dat alle dinertafels al folboekt binne.
"We kinne wol in restaurant begjinne", wurdt mei in knypeach sein.
Anwar en de wolf: mear as teäter allinnich
It râneprogramma bringt smaken, lûden en ferhalen fan oer de hiele wrâld byinoar. Besikers kinne genietsje fan wrâldgerjochten út ûnder oaren de Iraanske, Oekraynske, Surinaamske en mediterrane keuken, taret troch koks mei ferskate kulturele achtergrûnen.
Foar dizze diners moat reservearre wurde, mar der is noch genôch te belibjen sûnder oanmelding.

Alles troch elkoar

"It rint as it spoar", seit Tamara Schoppert fan Tryater. "Do sitst soms mei in Etiopiër, mei in Syriër, mei ien út Afganistan. En dan de Friezen der noch by. Wat wolst no noch mear?"
In Syryske kofjeseremoanje
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn de foyer is alle dagen livemuzyk, mei ûnder oaren de Iraanske sjongeres Arezoo, Amarins Woltring en muzikale bewenners fan it azc yn Snits.
Dêrneist binne der kofje- en teeseremoanjes út ferskillende lannen, poëzy en workshops animearjen, dy't oanslute by de live-animaasje yn de foarstelling.
Kibrom Hadsh is ien fan de frijwilligers
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Nei ôfrin fan de foarstelling feroaret de foyer yn in ynternasjonaal moetingsplak. Yn it ramt fan Tryater Rûnom wurket it teäter gear mei ferskate partners, lykas sosjale húskeamer Sedrana en it COA. Moetsjen, dielen en nijsgjirrigens steane sintraal.
Ek de frijwilligers komme út alle wynstreken. Sa docht Kibrom Hadsh, fan oarsprong Etiopiër, bartsjinst, mar hy is ek frijwilliger by de kaartkontrôle en by de workshops.
"Mensen zijn hier erg liefdevol en verwelkomend", seit hy oer Nederlanners en Friezen. "De mensen zijn hier heel humaan."
Ek foar de workshop animearjen is in soad belangstelling
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De foarstelling sels is hast útferkocht, mar foar it râneprogramma binne noch mooglikheden. Sa wurdt in besite oan Tryater dizze krystfakânsje mear as allinnich teäter: it is in folsleine, wrâldske ûnderfining foar de hiele famylje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.