Noch mear oanmeldingen foar Fytsalvestêdetocht as ferline jier
Mear as ien op de trije minsken dy't harren ynskreaun hiene foar de Fytsalvestêdetocht fan 2026, kin net meidwaan oan it evenemint. Sy binne útlotte.
De belangstelling wie flink grutter as ferline jier en dus moasten der ek mear minsken teloarsteld wurde. It maksimum tal dielnimmers is 15.000, der wienen goed 23.000 oanmeldingen foar de edysje fan kommend jier.
Gjin ferklearring
Ferline jier wienen der ek al mear as 20.000 oanmeldingen. Doe kaam dat mei troch in opfallende groei fan it tal dielnimmers út Dútslân.
Foarsitter Stephan Rekker hat noch gjin ferklearring hoe't it kin dat der nochris trijetûzen oanmeldingen mear binne as ferline jier.
De organisaasje hat gjin ekstra omtinken jûn oan de ynskriuwing. "Want dan moatte we noch folle mear minsken teloarstelle", seit Rekker.
Der is net foar neat in maksimum oan it tal dielnimmers, beklammet Rekker. "Dat is nedich om it allegear feilich en behearskber te hâlden."
Gjin rekôr
It tal oanmeldingen is gjin rekôr: yn 1997, nei de lêste Alvestêdetocht op redens, melden mear as 30.000 minsken har oan foar de Fytsalvestêdetocht.
Noch hoop
De 89e edysje fan de Fytsalvestêdetocht, mei start en finish yn Boalsert, is op moandei 25 maaie.
Wa't útlotte is, mei noch in bytsje hoop hâlde: as minsken harren kaart net op tiid betelje, komt dy kaart wer frij. Boppedat meie minsken har kaart tusken 3 maart en 6 april ek oerdrage oan oaren.