Omrop Fryslân

Dilemma foar fjoerwurkferkeapers: no ophâlde of ynvestearje yn in ûnwisse takomst?

Taeke Brouwer, fjoerwurkferkeaper
© Omrop Fryslân
De wetjouwing om it fjoerwurkferbod hinne is noch net rûn. Dochs moatte fjoerwurkferkeapers ynkoarten wol de kar meitsje oft se tûzenen euro's ynvestearje yn harren bedriuw of op 1 jannewaris de stekker der útlûke.
"Dat it klear is, is in ding dat wis is. Dêr gean ik 100 persint fan út", seit fjoerwurkferkeaper Taeke Brouwer fan de Vuurwerkgigant yn Frjentsjer.
It is dúdlik dat der in fjoerwurkferbod is mei de jierwiksel 2026/2027 foar partikulieren, mar der rint ek in plan foar ferieningen om sels in fjoerwurkshow te organisearjen. Watfoar rol fjoerwurkferkeapers hjiryn spylje, is net dúdlik.
It fjoerwurk leit al klear, sadat de meiwurkers aansens de pakketten klearmeitsje kinne
© Omrop Fryslân
Brouwer fynt dat it meitsjen fan it plan te lang duorret. "Gewoanwei gean wy yn jannewaris nei in fjoerwurkbeurs yn Neurenberg om it fjoerwurk út te sykjen."
As Brouwer dit no wer docht en fjoerwurk ynkeapet, rint er it risiko dat er dit jild net weromkrijt, omdat der noch hieltyd gjin wissichheid is foar in útkeapregeling.

'It kostet mear as dat it opsmyt'

Itselde jildt foar syn pân wêr't it fjoerwurk yn opslein wurdt. "Ik moat op 1 jannewaris de fersekering opnij ôfslute. Dat is mear as 8.000 euro. Mar ik moat ek de sprinklerkoppen ferfange dit jier. Ik krige in offerte foar 17.000 euro."
Brouwer giet der net fan út dat der in fergoeding komt en wit dêrom no net wat goed is om te dwaan. "As we gjin fjoerwurk ferkeapje meie, dan kostet it mear as dat it opsmyt."
It fjoerwurk leit no noch goed opslein yn bunkers
© Omrop Fryslân
Der is in kâns dat fjoerwurkferkeapers yn de takomst al fjoerwurk oan ferieningen ferkeapje meie takom jier mei de jierwiksel. Mar dit plan is noch net definityf.

Ferieningen meie al

Yn in konsept stiet dat ferieningen dy't ynskreaun stean by de Kamer van Koophandel in ûntheffing krije kinne foar in lytsskalige fjoerwurkshow mei maksimaal 200 kilogram fjoerwurk.

Haadpunten fan it plan

  • Ferieningen kinne in ûntheffing oanfreegje by de boargemaster
  • De boargemaster kin sels beslute oft en hoefolle ûntheffingen der ferliend wurde
  • De ûntheffing mei maksimaal 200 kilo F2-fjoerwurk kocht en ôfstutsen wurde
  • Op it plak fan it ôfstekken moatte feilichheidsmaatregels nommen wurde, der moatte bygelyks brânblusapparaten wêze
  • It brûken fan in fjoerwurkbril en oansteklont is ferplichte
  • De boargemaster kin de ûntheffing ynlûke as der twivels binne oer de feilichheid
Brouwer hat der gjin fertrouwen yn dat dit plan fan de grûn komt: "Dat wurdt hielendal neat. As alle fjoerwurkferkeapers no ophâlde, wa moat it fjoerwurk dan oan harren leverje? En op dit stuit moatte je allegear sertifikaten ha as je in fjoerwurkshow organisearje. Dy ha ferieningen net."
Neffens ferskate fjoerwurkferkeapers sitte der wol wat heakken en eagen oan dit plan. Benammen de sertifikaten, de lokaasje en it oantal kilogram soene problemen opsmiten kinne.
Christiaan van der Nat en Henk de Vries
© Omrop Fryslân
Henk de Vries út Wolvegea fersoarget al tritich jier fjoerwurkshows. Elke fiif jier moat hy eksamen dwaan foar in sertifikaat foar 'Groot Vuurwerk', allinnich wurde yn dit plan gjin sertifikaten neamd. "Ik vraag me af of je een certificaat nodig hebt. Iedereen mag het vuurwerk nu ook al afsteken."

Fjirtich meter ôfstân

Neffens him sit it ferskil yn dat hy syn fjoerwurkshow net mei in lont oan hoecht te stekken. "Ik sta er zelf veertig meter vanaf en dan druk ik op een knopje. Dan hoef je niet dichtbij het vuurwerk te komen."
Dêrneist wurdt de ôfstân op de lokaasje yngewikkeld, seit er. "In mijn shows moet ik minimaal veertig meter afstand houden van het vuurwerk, dat is verplicht. Dan moet je al een locatie hebben met een diameter van tachtig meter. Vind dit maar eens. En als je het vuurwerk met een lont aansteekt, dan is veertig meter ook niet goed mogelijk."

Putsje foar de brânwacht?

De Vries tinkt wol dat de basis fan it plan wurkje kin. Hy sjocht yn it bûtenlân dat dit al mear bart. "In het buitenland, in Duitsland of Frankrijk, zie je bijvoorbeeld brandweermannen die een vuurwerkshow organiseren in hun omgeving. Die hebben dan de juiste papieren om dit te doen."
Warskôging foar fjoerwurk op in bunker yn Wolvegea
© Omrop Fryslân
By Brouwer binne se no drok mei de tariedingen. Op de toanbank leit in acht sintimeter hege stapel A-4 formulieren. "Allegear bestellingen, no al", seit Brouwer. "Se komme oeral wei. Sels út Zwijndrecht."
Se komme neffens him nei Frjentsjer om't hy tûk ynkeapet en dêrom net de djoerste is. Ek hat hy guod dat se hast allinnich mar yn Dútslân ferkeapje.

Acht pakesizzers helpe mei

Al mei al fynt Brouwer it tige spitich dat der in ein komt oan in famyljetradysje. "Myn dochter en skoandochters helpe alle jierren. Dy nimme dan in pear wike frij fan 't wurk. Sels acht pakesizzers helpe ek."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.