Omrop Fryslân

Aktrise Joke Tjalsma wint Sineeske filmpriis foar rol fan beppe yn 'Superkrachten voor je hoofd'

Joke Tjalsma spilet de stoere en bytsje nuvere beppe Lydia
© eigen foto
"Ik tink dat se my yn Sina in soarte fan Pippi Langkous-beppe fine, dat se dat sa leuk fine."
Aktrise Joke Tjalsma (1957) wit sels eins net sa goed wêrom't se op it China International Children's Film Festival de priis wûn hat as bêste froulike folwoeksen akteur yn de jeugdfilm 'Superkrachten voor je hoofd'.

Stoere beppe

"Ik wie it al hast wer fergetten juh, de produsint (Dylan Haegens red.) belle my op om it te fertellen."
Yn de film spilet Tjalsma de beppe fan it manke jonkje Lev, dy 't tegearre mei him op aventoer giet en alles oandoart.
Tjalsma op de reade loper foar de film Superkrachten voor je Hoofd
© eigen foto
"Se sille der noch efkes achteroan oft der ek wat oan fêst sit, in lyts byldsje of in oarkonde ofsa. Je moatte ek wat taastbers ha no?"
Sels nei Sina om de priis op te heljen docht de aktrise net. "Nee, bist net wiis? Gjin sprake fan, ha 'k hielendal gjin sin oan!"
Ik tocht op âldere leeftiid wat frijwilligerswurk te dwaan. Mar ik kom der hast net oan ta!
Joke Tjalsma hat it noch altyd drok mei aktearwurk
En Tjalsma hat it eins ek net oan tiid. De Fryske aktrise, dy 't no yn Amsterdam wennet, hat it op 68-jierrige leeftiid noch altyd smoardrok mei alderhande film- en toanielwurk.
"Ik tocht op âldere leeftiid wat frijwilligerswurk te dwaan. Hjir yn it Sarphati ferpleechhûs foarlêze foar de bewenners. Dat fyn ik hiel leuk om te dwaan. Mar ik kom der hast net oan ta!"
As Tante José yn de tv-searje Bodem (2024)
© eigen foto
Se sommet op: "Yn jannewaris komt de film 'Paas' út dêr't ik yn spylje, en ek noch de film 'Hond'. En moarn ha 'k de lêste draaidei foar de film 'F*ck de familie' mei Yolanthe Cabau en Victoria Koblenko."

De stim fan de Maas

Dêrneist docht Tjalsma ek stimaktearwurk, bygelyks foar musea.
"No bin ik dwaande mei in dokumintêre-searje oer de rivier de Maas. Ik doch de stim fan de Maas, sis mar de poëtyske lijn yn it ferhaal. Dat fyn ik leuke dingen, dat doch ik hiel graach."
Tjalsma spilet in pensjonearre badjuf yn 'Swimbad' fan Tryater
© Tryntsje Nauta
Neist al it aktearjen foar film en telefyzje sit der ek wer in toanielstik oan te kommen.

Yn badpak aktearje

Yn de foarstelling 'Swimbad' fan toanielselskip Tryater dat takom' simmer yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean opfierd wurde sil, spilet Tjalsma in pensjonearre badjuf.
"Mei keunstswimmers, badpakken en ferskillende generaasjes froulju, ik bin dan de âldere generaasje. Wessel de Vries hat it skreaun, en Tatiana Pratley sil it regissearje, hiel leuk!"
Joke Tjalsma
© Rogier Alleblas
Dêr't in soad minsken de aktrise op it stuit fan kenne sille is de rol fan Petra yn de populêre tv-searje 'Oogappels'. Oogappels giet oer de opfieding fan pubers en de wrakseling dêrmei.

Lêste seizoen fan Oogappels

"Ik fyn it sels ek in masterlike searje. It is hiel bot 'feelgood' en it giet oer dingen dy't minsken goed werkenne."
De searje rint hast op syn ein, it sande seizoen is ek it lêste. "De lêste ôflevering geane we as akteurs mei ús allen sjen. Mysels werom sjen fyn ik altyd minder, mar de searje fyn ik moai, ik hâld der fan!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.