Tal ikeprosesjeflinters trije kear sa heech as foarich jier: mear rûpen ferwachte
De ikeprosesjerûp kin takom jier wolris yn folle gruttere getallen oanwêzich wêze yn Fryslân as dit jier. Der binne trije kear safolle flinters fûn en dat betsjut dat de pleachdruk tanimt.
Hoe mear flinters der no fong wurde, hoe mear rûpen der it kommende jier ferwachte wurde.
Hoewol't it tal flinters noch lang net yn de buert komt fan it tal foar it pykjier 2019, is de tanimming wol dúdlik te sjen. Fan alle provinsjes is it tal flinters dat fong is yn Fryslân fierwei it heechst.
Yn Fryslân waarden yn eltse fal gemiddeld 36,9 flinters fong, wylst dat lanlik gemiddelde op krekt mear as 20 leit. Dat betsjut dat de pleachdruk heech leit.
Oarsaak net dúdlik
Hoe't it krekt kin dat Fryslân sa boppe de oare provinsjes útstekt, witte de ûndersikers net. Yn de provinsje steane in soad iken, mar dat kin net de iennige ferklearring wêze, want dy steane der yn Gelderlân ek.
Wol sjogge eksperts dat der in soarte beweging is fan súd nei noard. Dat wol sizze dat earder it suden fan it lân mear lêst hie fan de ikeprosesjerûp as it noarden, dat is no oarsom.
Alle jierren wurde it tal flinters byhâlden troch se te fangen mei feromoonfallen. Dy fallen ha in soarte lokstof yn harren wêrmei't manlike flinters oanlutsen en fong wurde. It is foar it earst sûnt it pykjier dat der wer mear rûpen foarsein wurde.