Omrop Fryslân

Yngripende wurksumheden moatte De Deelen rêde: "Als we meer vogels tellen, zijn we helemaal happy"

Bennie Henstra
© Omrop Fryslan
As der no net yngrypt wurdt, is natuergebiet De Deelen by Tsjalbert daliks in grutte mar. En hoe moai oft boskwachter Bennie Henstra in mar ek fynt, it heart net yn it leechfeanmoerasgebiet.
"Het is A: een cultuurhistorisch landschap", fertelt er. "En B: veel planten en dieren zijn afhankelijk van die land-waterovergangen. Het mozaïek."

Spûns

Sûne feangebieten, lykas De Deelen, slaan grutte hoemannichten koalstof op en funksjonearje as in spûns dy't wetter fêsthâldt, wat helpt by oerstreamingssprevinsje, it tsjingean fan klimaatferoaring en it tsjingean fan drûchte.
Mei in boatsje fart Henstra nei de 'legakkers' dy't wat djipper yn it gebiet lizze. Dizze langwerpige eilantsjes - dy't earder brûkt waarden om fean op te drûgjen - wiene der earder folop, mar de earsten binne yntusken fuort.
Troch wetterslach binne dy stadichoan ferdwûn. Dat wol Henstra by de oare eilantsjes foarkomme.

Peallen de oplossing

Dat dogge se mei in rige peallen sa'n 5 meter foar it eilân. Ut it boatsje wei fertelt Henstra hoe effektyf oft dat is. "De wind waait nu behoorlijk stevig richting die legakker. We staan hier nu voor die palenrij, nu je ziet direct wat het doet in het water."
Oan de wynkant fan de peallen is wetterslach, mar yn it stikje tusken de peallen en it eilantsje is it wetter hast stil. De wetterslach komt net tsjin it stik lân.
Peallerige mei op 'e eftergrûn in 'legakker'
© Omrop Fryslan
Dat is net de iennige yngripende feroaring om de legakker te rêden. Hast alle beammen binne roaid. It like wol in bosk op dy lytse legakkers. Elzen, wylgen, iken, se binne allegearre fuorthelle.
"Die bomen worden op een gegeven moment zo groot. Als het dan een keer flink waait, dan trekt hij met zijn wortelkluit die hele legakker omver en dan ben je alsnog je legakker kwijt."
In 'legakker' út de loft wei
© Omrop Fryslân
Mei it fuortheljen fan de beammen, falle de blêden ek net mear op 'e grûn, wêrtroch't it reid romte hat om te groeien.
Mar it wurk om de 'legakkers' te rêden is net maklik. It plak dêr't no wurke wurdt, is dreech te berikken. Al it ark moat meardere kearen oerlaad wurde om úteinlik op in pont yn it noardwestlike stik fan it natuergebiet te kommen.
"Er zijn ook een aantal doorgangen gegraven om op deze plek te komen. Het vraagt nogal wat en het kost veel tijd."
Wurk by De Deelen
© Omrop Fryslan
Foar no is de hiele operaasje tige yngripend foar de natuer en harren bisten, mar it is foar it goeie doel. As de wurksumheden klear binne, is de nije situaasje neffens Henstra foar alle bisten geunstich, al kin it resultaat noch wol jierren op him wachtsje litte.
"Ik hoop dat er aan de randen dan beginselen zijn van riet en dat soorten zoals een roerdomp of een rietzanger weer een plekje hebben." Henstra hopet dat dat him yn sa'n fiif jier foardocht.
Dat 'syn' gebiet no sa'n ympuls kriget, is er grutsk op. Benammen as it daliks fertuten docht. "Als wij hier meer vogels tellen, dan worden we helemaal happy natuurlijk."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.