Omrop Fryslân

Jelte (5) 'giet mei pensjoen', mar mocht earst noch in award útrikke

Jelte de Haan
© Omrop Fryslân
Foar it earst is de Jelte NextGen Award útrikt. It is ek fuortendaliks it momint dat Jelte de Haan sels út de skynwerpers ferdwynt. "Hy is no 5 jier, miskien is it ek wol in moai momint om Jelte mei pensjoen gean te litten", seit heit Hein de Haan.
De award mei Jelte syn namme is gien nei Yorrick Jaspers fan Amsterdam UMC. Hy wol yn in betiid stadium de harsenfoarm fan de metabole sykte bleatstelle kinne.
"Dat is heel belangrijk, want dan kun je met een behandeling starten voordat er ernstige hersenschade plaatsvindt", seit Jaspers.
Jelte mocht de award op syn jierdei útrikke. De no 5-jierrige Ljouwerter is gesicht wurden fan stichting Metakids en dêrom is de award nei him ferneamd. 'Jelte's legacy' is in kreet dy't by de útrikking faak brûkt waard.

Metabole sykte

In metabole sykte is de meast deadlike sykte ûnder bern yn Nederlân. It is in stofwikselingssykte dêr't je mei berne wurde.
Je lichem kin it iten net goed ferwurkje en dêrtroch kinne bern harren wurch fiele, net goed groeie, sloppe spieren hawwe of somtiden epileptyske oanfallen krije.
Alle dagen wurdt der in poppe berne mei in metabole sykte.
De priis fan €320.000 euro is foar jonge wittenskippers dy't wurkje oan in takomst foar bern mei in metabole sykte. De grutste priis foar dit fakgebiet.
"Dizze priis fine wy in hiele moaie erkenning foar wat syn libben brocht hat", fertelt de heit Hein de Haan.
Jelte (5) 'giet mei pensjoen', mar mocht earst noch in award útrikke
We sille no wat mear fokusje op ús gesin en op de tiid dy't we noch mei inoar hawwe.
Hein de Haan
Neist it jildbedrach hat Jaspers ek in Gouden Hoanne krigen.
De Gouden Hoanne
© Omrop Fryslân
Jelte sels wie der ek by, mar dit wie wol de lêste kear dat er yn de skynwerpers stie. Hy giet mei pensjoen. "We hawwe in hiele protte berikt", fertelt heit Hein de Haan.
"We sille no wat mear fokusje op ús gesin en op de tiid dy't we noch mei inoar hawwe", ferfolget er.
Neffens Jan-Matthijs van Eendenburg, direkteur fan metakids, hat Jelte yndie in protte betsjutten. Hy hat neffens him mear as 10.000 bern mei in metabole sykte in gesicht jûn en de sykte op 'e kaart set.
Hein de Haan
© Omrop Fryslân
Under oaren troch it binnenheljen fan de aksje Serious Request, dat smiet mear as 10 miljoen euro op. Hy rekket dan ek emosjonearre by de fraach wat Jelte foar de stichting betsjutten hat. "Nu raak je me. Jelte is mijn kleine grote held."

Stichting Metakids

Stichting Metakids lûkt fûnsen oan foar ûndersyk nei de sykte en hat dizze priis mooglik makke. Jelte de Haan is it gesicht fan de stichting.
Yn 2024 wie Metakids it goede doel fan de aksje 3FM Serious Request.
Ek al sil Jelte it dus fan no ôf rêstiger oan dwaan gean, hy hat wol genoaten fan alle oandacht tinkt heit de Haan. Benammen fan it applaus dat er faak krige.
"Je kinne net te faak foar him applaudissearje, dan begjint er te laitsjen."

De ferkearde kant op

Laitsjen dat kin er dan noch, mar net in protte oare dingen mear. "Hy giet elke dei in stapke tebek en hy giet gewoan nei de ferkearde kant ta. Hy is eins in grutte baby dy't allinnich noch wat sjen kin."
Jelte de Haan
© Omrop Fryslan
It is foar Jelte dan de lêste kear dat hy yn aksje komt foar Metakids, mar de Jelte NextGen Award bliuwt. It gouden byldsje fan in hoanne en it jildbedrach is in jierlikse priis. Jelte's legacy.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.