Dúdlikens oer lokaasje skoalle

De nije skoalle fan Langwar komt nei jierren fan praten en aksjefieren op it Portenaterrein. Dat hat de gemeenteried fan Skarsterlân woansdei besletten. De gemeente woe dit terrein lange tiid brûke om wenten op te bouwen, mar de skoalle en it doarp woene leaver de nije skoalle op it Portenaterrein. De ried is dêrmei akkoart gien.
Neist de skoalle komt der ek in festiging fan soarchsintrum Maeykehiem op it perseel. Foar de skoalle is 1,4 miljoen útlutsen. De learlingen moatte yn 2014 ferhúzje.