Brânwachtkazernes nei de regio

Gemeenten binne mooglik op termyn net mear eigener fan de brânwachtkazernes yn har gebiet. Doel is dat de nije regionale brânwachtorganisaasje, dy't op 1 jannewaris 2014 ûntstiet, se oernimt.
It foarnimmen is woansdeteitemoarn bepraat yn in gearkomste fan de Feiligensregio Fryslân. Dêr stie it opgean fan de ôfsûnderlike korpsen yn ien grutte organisaasje op de aginda. It oernimmen fan de kazernes soe foarkomme dat der mei alle gemeenten aparte hierkontrakten sletten wurde moatte.