Paraswimster Liesette Bruinsma wint gouden medalje op WK yn Singapore
Paraswimster Liesette Bruinsma hat op it wrâldkampioenskip yn Singapore goud wûn op de 100 meter freestyle (S11). By dit WK pakte de 25-jierrige Bruinsma al twa brûnzen medaljes.
Yn de finale fan de 100 meter freestyle kearde Bruinsma as rapste, wêrnei't se yn it twadde part de Russyske Daria Lukianenko noch mar krekt ôfhâlde koe.
Bruinsma hie al fiif wrâldtitels en trije paralympyske gouden medaljes op har palmares en kin dêr no dus noch in wrâldtitel oan taheakje.
It is de fjirde titel foar Nederlân op dit WK, nei't earder Lisa Kruger, Bas Takken en Rogier Dorsman al goud pakt hiene. It WK duorret noch oant en mei sneon.