Jonkhear Van Eysinga bliuwt nettsjinsteande tsjinslaggen posityf: "Je kinne altyd wer foarút"
De 'olijke jonker' wurdt er wol neamd. De man mei in ivige laits op it antlit, dy't him bolderjend fan it laitsjen al fan fier ôf hearre lit: Tjalling van Eysinga fan Sint Nyk. Fansels hat er as telch fan in rike aadlike famylje in protte foar, mar ek tsjinwyn is dizze markante Fries net ûnbekend.
Syn earste houlik gie stikken sûnder dat er der erch yn hie, syn hûs baarnde ôf, en syn dochter fersûpte hast yn de Amsterdamske ferslavingswrâld. Dochs seach jonkhear Tjalling van Eysinga altyd wer kâns de tried op te pakken, "Mei tank oan myn frou Anneke."
"Sy hat persoanlik folle slimmere dingen meimakke", seit Van Eysinga. "Fan har learde ik dat jo altyd wer foarút kinne."
Van Eysinga docht syn ferhaal by Huize Boschoord yn Sint Nyk: in steatlike wenning op in grut lângoed. "It stiet te keap", fertelt de jonkhear. "Foar twa-en-in-heal miljoen euro. Dat is in soad jild, mar dêr krigest dan ek in soad foar!"
As wie er de makeler sels, sa besiket er positive kanten fan gebou en perseel te beskriuwen. Dochs sit der ek in oare kant oan. It giet ommers om besit dat al iuwen yn de famylje sit. Dochs moat er der no ôfskied fan nimme, krekt sa't dat earder al mei Epema State yn Ysbrechtum bard is.
"Dat is spitich, mar it docht my net echt sear. Jo moatte dat praktysk besjen. As it net mear rendabel is, dan moatte jo der ôfskied fan nimme. Seker as jo witte dat de bern der ek gjin belang by ha", sa redenearret er.
Van Eysinga praat as in ûndernimmer en dat is er ek. Hy hat in oplieding hân as jurist, hat in eigen rintmasterskantoar oprjochte en is op syn lângoed ek aktyf as in soarte fan projektûntwikkeler.
In golfbaan, in camping, tsientallen rekreaasjewenten en sels in Van Eysinga-mar krigen in plak yn Sint Nyk. It wie der nea kaam sûnder de ûndernimmersgeast fan de famylje.
"Dat hat altyd al sa west, hear. Omke Kees hie hjir bygelyks in stoeterij. Op it lângoed sjogge jo dat noch werom yn it 'krakelingpaad' dêr't de hynders traind waarden en dan ha we hjir ek noch de 'meunsterleane'." Dat ferwiist nei it meunsterjen: de hynders waarden dêr keurd op geskiktheid foar wedstriden of eveneminten.
"Boppedat is dyselde omke de earste suvelfabryk fan Langwar begûn. En ús heit is yn de foarige iuw al mei de camping úteinset op in plak dêr't earst buorke waard", sommet Van Eysinga op.
As boer begûn
Sels is Van Eysinga ek as boer begûn, fertelt er. "Doe't ik klear wie mei de stúdzje, wie ik al fan doel om in rintmasterspraktyk op te setten, mar soks moat groeie. Dus ik bin earst op 'e pleats oan 'e slach gien. Ik mei ek graach trekkerride."
Grutste kâns is dat er yn syn âlde Landrover omrydt. "Fanwegen in tikebyt dy't ik ea ris oprûn ha, bin ik wat krebintich: mei in stok kin ik my aardich rêde, mar fierder ferpleats ik my it leafst mei dat ding."
En omdat er noch altyd ek de kweajonge wat yn him fielt, giet er it leafst net oer de 'baande paden'. By in rûnrit oer it lângoed besiket er syn gast wat benaud te meitsjen troch paadsjes te kiezen dêr'tst rinnend kwealik troch kinst. Ek siket er de heuveltsjes op 'e rûte leaver op as dat er deromhinne rydt.
Allinnich mar moai as minsken yn 'e bosk komme, dan genietet elk derfan.
"Machtich man", ropt er dan. "We sitte ek wolris fêst, mar der sit in liere op dit ding, dy lûkt ús der wol wer út as it moat!"
Fan ôfstân tusken dizze man fan adel en de boargerbefolking is gjin sprake. "Dat hat eartiids miskien sa west, mar dat is al lang net mear sa."
"Us bosk wurdt ek drok besocht troch de minsken út de buert. Dy ha hjir sels in kabouter-kuierpaad oanlein en organisearje ek alle jierren in drokke krystkuier. Dat fyn ik allinnich mar moai, dan genietet elk derfan", seit de jonkhear.
Grutte brân
De wenpleats 'De Strooien hoed' op it lângoed yn Sint Nyk wie de fêste wenning fan de jonkhear. Yn 2022 brânde dy folslein út. "Dat gie allegear sa hurd fanwegen in reiden tek: we koenen en mochten der ek neat mear úthelje."
"Dy brân en alles wat der efterwei kaam hat wol in klap west. Noch skoften letter realisearje jo je: dat is der ek net mear en dat ek net. Foto's fan eartiids bygelyks: ik ha der noch mar in pear."
It lânhûs koe wer opboud wurde, mei oan de iene kant kontoeren fan de âlde pleats en oan de oare kant dy fan in moderne filla. "We binne der wiis mei. Dit is wer ús thús wurden", stelt Van Eysinga tefreden fêst.
Tsjinslaggen hawwe der nammers mear west. De skieding fan syn earste frou kaam foar him as in tongerslach by heldere himel.
"Dat dy frou sa ûngelokkich by my wie, ha ik nea witten. Ik wie der hielendal foar wei. We hiene fjouwer bern, dus ik sei: do kinst hielendal net fuort! Mar se gie wol. Dochs ha ik de bern altyd foarhâlden: jim mem is net fuortgien om't ik sa leuk wie."
Myn dochter is op wilskrêft ôfkikt fan de drugs. Dêr bin ik grutsk op.
"De âldste dochter hat it der ek dreech mei hân en bedarre letter yn Amsterdam yn de 'drugssêne'. Stadichoan sakke se dêr fierder yn wei. Sa fier sels dat se har eigen flat yn 'e brân stuts, op strjitte libbe en by it Leger des Heils slepte."
"As heit moast ik op in bepaald stuit sels folslein mei har brekke. Dat waard my mei klam troch de helpferlieners advisearre. Dat wie eins net te dwaan, mar it moast."
"Gelokkich is se ôfkikt en ha we wer goed kontakt. Ik bin hiel grutsk op har, want se hat it op wilskrêft dien. Mar it hat wol dreech west. Hiel dreech", fertelt Van Eysinga.
Buro de Vries
It Simmerpetear mei Tjalling van Eysinga is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein te hearren by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.
Oer syn persoanlike takomst is Van Eysinga wol aardich optimistysk, mar oer hoe't it op de wrâld op it heden om en tagiet, is hy somber.
"Ik ha dêr grutte soargen oer. Sjoch allinnich mar nei dy presidint fan Amearika: dy man is folslein fan 'watjeklap'! En dy fan Ruslân is noch folle slimmer."
Van Eysinga hâldt dêrom mar fêst oan syn eigen libbensmotto. "Bliuw midden op 'e dyk, wês earlik en doch gjin dingen dêr'tst dy foar skamje moatst!"