Rûpen frette buksbeamkes hielendal keal: "Tritich jier wurk is yn twa wiken fuort"
"It sjocht der net út. Oanfretten, ferkleure en op guon plakken hielendal keal." De moaie, griene buksbeamkehagen fan Bianca Wiersma fan De Trieme binne yn koarte tiid feroare yn in slachfjild. "Tritich jier wurk is yn twa wiken fuort."
De dieder: de buksbeamkemot. De rûpen fan dy flinter, mei wyt-brune wjukken, feroarsaakje hieltyd mear problemen yn Fryske tunen. Yn in koart skoft tiid frette sy de strûken hielendal keal.
"It wie echt in plaatsje", fertelt Bianca oer de kreas ûnderhâlden buksbeamkes. Se neamt it har libbenswurk.
Al tsientallen jierren stekt Bianca in protte tiid yn de tún. Mei-inoar hat sy sa'n fiifhûndert meter oan hage stean.
Wat der faaks oerbliuwt: in samling toarre tûken. Achter har hûs yn De Trieme binne de buksbeamkehagen yntusken út de grûn helle. Oan de foarside steane se der tryst eagjend by.
"Ik hoopje dat de foartún noch te rêden is, mar ik bin bang foar it slimste. Earlik sein tink ik dat der neat mear oerbliuwt."
Faak al te let
Neffens túnman Sietse Wijbenga is de buksbeamkemot dwaande mei in opmars. As de griene rûpen mei swarte stippen yn 'e hage sitte is it faak al te let. "Dan moat de strûk derút."
Wat je wol dwaan kinne as je buksbeamkes yn 'e tún hawwe? De strûken regelmjittich kontrolearje. En ast op 'e tiid bist: de rûpen mei de hân ferwiderje.
Foar Bianca is dat gjin oplossing mear. "Je bouwe wat op mei soarch en leafde en binnen 'no-time' is it ferdwûn. Dat docht sear."
Ferfange
Wat dan in oplossing is, is om de buksus te ferfangen. Se soe net de earste wêze dy't dat docht, seit túnman Wijbenga. "Je sjogge faak dat er ferfongen wurdt troch de Sineeske hulst. Dy plant liket echt op de buksus."