Pesterij makke it libben fan Antoinette Rijpma-de Jong "freeslik", dêrom komt se yn aksje
Stipe jaan oan - foaral - bern dy't om wat foar reden dan ek pest wurde. Dat is it doel fan de Antoinette Foundation, opset troch reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong. Troch sport wol se bern út de aaklike omstannichheden helje dy't pesters feroarsaakje.
Rijpma-de Jong wit der sels alles fan: as jong famke mei read hier waard se op 'e basisskoalle ek faak pest. "Myn selsfertrouwen wie echt nul. Ik hie net folle selsrespekt, it libben wie net hiel moai."
De pesterij soarge der sels foar dat se yn groep acht har hier begûn te fervjen.
Sport soarge foar ljochtpuntsjes
Dochs rûn it foar Rijpma-de Jong goed ôf. Troch it reedriden koe se ljochtpuntsjes fine.
"Ik fûn it reedriden, dat brocht my blydskip. Ik waard der hieltyd better yn en dêr lei myn fokus. Ik koe mysels troch de sport út dy freeslike perioade helje."
Mei de Antoinette Foundation wol se itselde dwaan kinne foar bern dy't no pest wurde. "It idee fan in stichting wie der al folle langer. Al hie ik myn ferhaal oer it pesten dien, it bleau mar yn myn holle hingjen."
De stichting set sport yn om bern wer selsfertrouwen jaan te kinnen, krekt as it Rijpma-de Jong holpen hat.
Tour de France
Coen Rijpma, de man fan Rijpma-de Jong, leit fêst in basis foar de stichting. Hy fytst op dit stuit de Tour de France om jild op te heljen. Net yn it peloton, mar op eigen houtsje, eltse dei in etappe foar dy fan 'e hurdfytsers.
De stichting kin dan takom jier yn 'e simmer echt úteinsette mei projekten, nei it olympyske seizoen fan Rijpma-de Jong.
"No wol ik dy persoan wêze om bern in manier fine te litten om it libben wer moaier te finen. Om wer gelokkich te wêzen."